Fjoerwurk ferkeapje wurdt der net makliker op, mar is tradysje foar Jouster fytsmakker

Fytsmakker Sikko Brouwer ferkeapet al 25 jier fjoerwurk
Fytsmakker Sikko Brouwer ferkeapet al 25 jier fjoerwurk © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De fjoerwurkferkeap is alwer folop los. Dat der dit jier net op âldjiersdei ferkocht wurde mei, wjerhâldt fytsmakker Sikko Brouwer der net fan om de doarren wer te iepenjen.
Al 25 jier lang ferbout de fytsmakker om de feestdagen hinne syn saak, om sa romte te meitsjen foar de fjoerwurkferkeap. De Gazelles en Batavussen moatte dan efkes wike foar potten, mei nammen as Black panther of Lucky Cat.
Dit jier kin de saak in dei minder iepen foar de fjoerwurkferkeap om't âldjiersdei op in snein falt. En ek de waarsfoarútsjoggen binne net al te bêst.
Sikko Brouwer is gewoanwei fytsmakker, mar dizze dagen efkes fjoerwurkhanneler
Dochs hat Brouwer der wer nocht yn: "Dit heart in bytsje by ús bedriuw. Hjir wurdt al sa lang fjoerwurk ferkocht. Do sjochst de minsken yn in hiele oare stimming, dat is gewoan in leuke tradysje."

Rotsjes en Romeinske kearsen

Brouwer fynt it jammer dat de regels de lêste jierren bot oanskerpe binne. Sa kaam der yn 2014 in ferbod op de ferkeap fan babypylkjes en Romeinske kearsen, seis jier letter kamen dêr de rotsjes en oar knalfjoerwurk by.
"Foar de jongerein fyn ik dat spitich, mar ik tink dat der in soad folwoeksenen binne dy't der bliid mei binne."

Twivel

Yntusken wint op guon plakken yn Nederlân it lokale fjoerwurkferbod terrein, en liket de stipe foar in fjoerwurkferbod allinnich mar te groeien. Dat soart lûden soargje wolris foar twivel by de fytsmakker. "We hawwe fytsen, dat is grien, en fjoerwurk net. Dat is foar my dûbel."
Dochs oertsjûgje de reaksjes fan syn klanten en de gesellichheid Brouwer om foarearst de tradysje troch te setten.