Tineke Schokker ferjit 2 jannewaris 2019 noait wer: "Ik krige telefoan: 'Der is wat oanspield'"

Tineke Schokker wie fan 2015 oant en mei 2021 boargemaster fan Flylân
Tineke Schokker wie fan 2015 oant en mei 2021 boargemaster fan Flylân © ANP
2 jannewaris 2019. It is al fiif jier lyn, mar Tineke Schokker ferjit it noait wer. Sy moast as boargemaster fan Flylân flink yn 't spier troch de kontenerramp mei de MSC Zoe. "It wie heftich, al dy troep."
Hiel faak tinkt Schokker (71) der net mear oan, mar koartlyn kamen de oantinkens noch wol in kear boppen. "Lêst mei de Fremantle Highway, dat skip mei allegearre auto's dat noardlik fan It Amelân yn 'e brân fleach."
Sa no en dan komme de bylden fan fiif jier lyn ek wer foarby. "Ik socht in foto op myn telefoan, in hiel oare foto. Doe kaam ik wer wat foto's fan it strân tsjin, en by ien tocht ik: wat is dat foar rare foto? Mar dat wie al dy binde."

"Er is iets aangespoeld"

Op de betide moarn fan 2 jannewaris 2019 hie Schokker krekt har man nei de boat ta brocht. "Hy wie in dei earder mei my by de nijjierssit fan it eilân. Doe't ik him fuortbrocht hie, krige ik in telefoantsje fan it haad fan de bûtentsjinst, dy sei: 'Er is iets aangespoeld.'"
ANP
It ôffal wurdt oprêden © ANP
No gebeurt dat wol faker op in eilân, mar diskear like it derop dat der mear lei as oars. "We ha even wachte oant it ljocht wie, mar doe ha we it strân oer west. Earst hie ik noch net it idee dat der sáfolle wie."
Dat besef kaam stadichoan. "By it eastpunt fan it eilân, by de jachthaven, binne we it strân opriden. Dêrnei binne we it hiele stik by del riden, oant de Vliehors oan ta. Doe tocht ik wol: dit is heftich."
Ien fan de 342 konteners dy't de MSC Zoe ferlear
Ien fan de 342 konteners dy't de MSC Zoe ferlear © Tineke Schokker
It kontenerskip MSC Zoe hie nachts - de nacht fan 1 op 2 jannewaris - noardlik fan It Amelân konteners ferlern. Fia de streaming bedarre de earste lading ôffal op Flylân. Dêr hienen se doe noch gjin idee wêr't it wei kaam.

It hold mar net op

"Moarns betiid wie it measte al oanspield by ús", fertelt Schokker. "Der dobbere noch wol fan alles yn see, sa lei der noch in kontener yn de brâning. Mar der lei ek al in hiel soad op it strân. Earst tochten we noch: as we by camping Lange Paal binne, nei in kilometer as sân, sil it wol foarby wêze. Mar ek dêrnei kamen we noch fan alles tsjin."
It ynsidint mei de MSC Zoe gebeurde yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019. Dizze tiisdei stiet Omrop Fryslân online, op radio en telefyzje wiidweidich stil by de kontenerramp fan fiif jier lyn.
Al gau stienen der allegearre eilanners klear om de boel op te rêden, mar it like der noch even op dat se tsjinholden wurde soenen.
"By de Veiligheidsregio seinen se dat wy it strân net op mochten. Dat soe gefaarlik wêze, want der soe gif oanspield wêze. Mar wy hienen der al goed nei sjoen en foar safier't wy besjen koenen, leinen dy konteners mei gif net by ús op it strân. En boppedat: as minsken it wol tsjinkomme soenen, sûpe se dat heus net samar op."
Dêr gie de Veiligheidsregio noch net mei akkoart. "Hy die noch even muoilik", wit Schokker noch.
Ik tocht: sukses dermei, wa soe it no better witte? Hy siet op in buro yn Ljouwert, wy koenen it hjir mei eigen eagen sjen.
Tineke Schokker
"Hy sei: 'Ik verbied u het strand op te gaan.' It soe sels konsekwinsjes foar my ha, as we dat wol dienen. Mar ik tocht: sukses dermei, wa soe it no better witte? Hy siet op in buro yn Ljouwert, wy koenen it hjir mei eigen eagen sjen. Ik ha de telefoan ophongen."
Wachtsje op offisjele tastimming wie ek gjin opsje, wat Schokker oanbelanget. "Binnen de koartste kearen soe in grut part fan it ôffal ûnder it sân lizze, dus we woenen rap begjinne. It soe ek de dunen yn waaie kinne, hielendal as it pypskom ôfbrekke soe."

Gjin sûveniers

Se troffen it op Flylân. "Us mazzel wie dat it guod wol op te romjen wie, it wie allegear grut spul. En we krigen help fan in hiel soad eilanners, dy't al betiid op it strân wienen. Se hienen al troch dat it gjin spul fan grutte wearde wie, allinnich mar troep dat opromme wurde moast."
It gie om jaskes, fleecetekkens, kûpstuoltsjes. "Dêrfan lei dan it sitflak op it iene plak en de poaten hiel ergens oars. Guon minsken woenen wol wat meinimme, gewoan as sûvenier. Mar úteinlik is der ek in hiel soad fuortsmiten, want je kinne der neat mei."
Kûpstuoltsjes op it strân fan Flylân op 2 jannewaris 2019
Kûpstuoltsjes op it strân fan Flylân op 2 jannewaris 2019 © Tineke Schokker
Sa lei der al gau in hiele bulte rotsoai op de gemeentewerf. "Dat wie gigantysk. We krigen by it oprêden ek help fan definsje, dy't by ús op de Vliehors sit. We ha hjir gjin boeren en dus ek gjin trekkers, mar op it kamp ha se ek ark."
Dat bliuwt my noch wol it measte by. Net seure, mar huppetee: we sette de skouders derûnder.
Tineke Schokker
Ek ûndernimmers holpen mei. Net allinnich mei it opromjen, mar ek mei it soargjen foar alle frijwilligers. "Dat bliuwt my noch wol it measte by. Net seure, mar huppetee: we sette de skouders derûnder. Undernimmers op it eilân soargen foar it iten en drinken."

Glûpende kâld

Dat wie mar goed ek, want it wie dy dagen hiel kâld op it eilân. "Glûpende kâld! Ik siet yn in pick-up mei in sopkontener achterop, sadat de minsken waarm bliuwe koenen. Ik woe meihelpe, mar myn grutste soarch wiene de minsken."
Sa wie de situaasje op Flylân al gau wer gewoan, wylst se op de oare eilannen skoften langer yn de troep sieten. "Ik wie hiel bliid doe't it tongersdeitemiddei, 3 jannewaris, wie. Doe wie by ús de grutste bulte troep al fuort."
Schokker naam yn de maitiid fan 2021 ôfskied as boargemaster fan Flylân. "De earste tiid dêrnei ha ik net mear op it eilân west, je moatte je opfolger ek net foar de fuotten rinne. Dêrnei ha we der wol in pear kear west, dizze hjerst ek noch. We wolle der ek nochris mei it moaie waar hinne."