Omrop Fryslân

Maritime wrâld skokt troch skipsbrân: "It ferskriklikste dat dy oerkomme kin"

Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie yn Harns
© Omrop Fryslân
Brân op in frachtskip mei hast fjouwertûzen auto's en 23 minsken oan board. It is de grutste nachtmerje foar in kapitein en de bemanning. Dat seit Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie yn Harns.
"Dit is it worst-case scenario foar in seeman. Bist op in skip en der ûntstiet brân, dan kinst net samar de brânwacht belje. Bist der wol foar traind om sels te blussen, mar dat slagget dan net."

30 meter nei ûnderen

"En dan stiest dêr yn de earebetide moarntiid mei in algemien alarm. It wurdt letterlik hjit ûnder de fuotten en dan hast mar ien kâns: springe. 30 meter nei ûnderen. Dat is in hiel ein. Dit is it ferskriklikste dat dy oerkomme kin op see."
Neffens Mintjes is de bemanning fan in skip hjir wol op taret. "Elk seeskip hat brânploegen oan board, want do hast gewoan gjin brânwacht fan de wâl. Besikest it, lykas mei in grutte brân oan de wâl, út te meitsjen. As dat net slagget giet feiligens foar alles. Dat sil hjir ek sa west ha."
Springe dochst allinnich ast echt net oars kinst.
Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie yn Harns
Dat springen giet net samar. It is neffens Mintjes in hiele hichte en dêrmei is springe net sûnder risiko. "It wetter is like hurd as beton, dus springe dochst allinnich ast echt net oars kinst."
De minsken dy't sprongen binne út it wetter helle, letter kaam in helikopter teplak. "Mei de helikopter is it folle better, mar de minsken hienen gjin kar. Se moasten."

Blusse

Der lizze blusboaten by de Fremantle Highway om de boat te kuoljen, al binne se dêr foarearst mei opholden. "Kinst dy foarstelle dat ast sa'n skip folpompst, it wetter op de boat dan hinne en wer gean kin, dan wurdt it skip ûnstabyl. Boppedat sinkt it skip dan, want ast der wetter yn pompst, giet er nei de boaiem."
© Kustwacht
Mintjes seit dat it doel no benammen is om it skip driuwend te hâlden. "Se kuolje him fan de bûtenkant om foar te kommen dat der hiele hjitte plakken binne dy't foar skea soargje. Troch him driuwend te hâlden hast de lading en alles wat der yn sit boppe wetter en kinst it skip as it ôfkuolle is nei in feilige haven slepe." Neffens him duorret it lykwols noch wol in skoftke foardat dat kin.
En in haven dêr't it frachtskip hinne kin is der op it stuit ek net. "Salang't der noch gefaar is sil it skip nea talitten wurde yn in haven." Mintjes seit dat it no earst saak is om te soargjen dat der gjin gefaar mear is. "Foarearst leit er op it bêste plak."
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.