Wat binne de risiko's fan it brânend skip mei auto's? "Rekening houden met alle scenario's"

Hulpdiensten proberen de brand te blussen © ANP
De auto's op it skip dat yn 'e brân stiet boppe It Amelân kinne net fan board helle wurde. Dat seit Edwin de Feijter, wurdfierder fan Rykswettersteat. Mocht it skip sinke, dan sil de lading meigean.
Oan board fan de Fremantle binne 3.000 auto's, dêr't 25 fan elektrysk binne. Hokker gefaar oft dy fracht foarmet foar de see, it miljeu en de Waadeilannen mocht it skip te ûnder gean, is dreech te sizzen. Eksperts wolle dêr foarearst net oer spekulearje.

Fuorthelje by fargeul

It frachtskip stiet noch hieltyd yn 'e brân. Oft it sinke sil is net dúdlik. "Het is momenteel stabiel en er komt geen water binnen", seit Edwin de Feijter fan Rykswettersteat Zee en Delta. De Guardian, in needhelpsleper, is ynset om it skip fuort te krijen by de fargeul.
Yn de tuskentiid is it net mooglik om de 3.000 auto's dy't op it frachtskip oan board binne, derôf te heljen. "Niet als er er nog brand is, en ook niet als die is geblust. Dat is een onmogelijke klus."
Brânende batterij fan elektryske auto's kin op 'e nij ûntstekke
Brânende batterijen fan elektryske weinen it "lastig" it fjoer te bestriden. Dat seit adviseur enerzjy- en transportfeiligens by it Nederlands Instituut Publieke Veiligheid. Dat komt omdat in brânende batterij opnij ûntstekke kin.
"Dit herontsteken komt door een chemisch proces waarbij batterijcellen in het accupakket opwarmen", leit Hessels út.
Wetter net by batterij
De auto's binne sa boud dat it wetter net by de batterij komme kin. Koeling fan bûten is dan ek lestich. De iennige wize is om de batterij lang ûnder te dompeljen yn wetter.
"Zodra het incident zich heeft uitgebreid en is geëscaleerd, zijn er op open zee nagenoeg geen mogelijkheden meer om de brand te onderdrukken", neffens Hessels.
Wat de mooglike miljeugefolgen binne as de auto's op de boaiem fan de see bedarje, kin De Feijter net sizze. "Er is nog veel onduidelijkheid. We weten namelijk niet wat ter precies aan boord is. Dat zou dus puur speculeren zijn. Maar we houden rekening met alle scenario's."

Oalje ûnderskeppe

Utstream fan oalje fan it skip is der op dit stuit net, heakket er deroan ta. It skip Arca, in oaljebestridingsfarúch, is ûnderweis nei de Fremantle Highway. "Als er toch olie gaat lekken, dan kan het zoveel mogelijk worden opvangen, zodat het niet in zee terechtkomt."
Mocht it skip en de auto's sinke, dan sil in bergingsbedriuw dermei oan de slach gean. Hoe lang it duorret foar't alle auto's wer boppe wetter helle binne, is lêstich te foarsizzen, seit De Feijter