Bosk as ynspiraasje: Ljouwert wol mear grien en minder auto's

In ympresje fan hoe't de binnenstêd fan Ljouwert derút sjen moat
In ympresje fan hoe't de binnenstêd fan Ljouwert derút sjen moat © Gemeente Ljouwert
De binnenstêd fan Ljouwert moat de kommende jierren griener en tagonkliker wurde. De gemeente hellet by de plannen in soad ynspiraasje út it projekt Bosk fan ferline jier.
By dat projekt stie der in skoft lang in grut Bosk op ferskate plakken yn Ljouwert. Sa wie it Aldehoustertsjerkhôf bygelyks in skoft hielendal grien. Itselde jilde foar ûnder oare it stasjonsgebiet en it Saailân.
"Bij Bosk hebben we gezien dat groen echt heel veel doet", seit wethâlder Hein de Haan. "Niet alleen voor de bezoekers en inwoners van de stad, maar ook voor het klimaat."
Wethâlder Hein de Haan oer de plannen foar in grienere Nijstêd
Woansdei presintearren wethâlders Hein de Haan en Evert Stellingwerf de plannen dy't it kolleezje hat foar de kommende tsien jier. Se wolle bot ynvestearje yn de binnenstêd.
Ien fan de belangrykste projekten is it opnij ynrjochtsjen fan de Nijstêd. "Het Waagplein hebben we net gedaan, dan zie je meteen dat het veel groener moet worden", seit De Haan. "Meer ruimte voor verblijfskwaliteit, dat mensen elkaar kunnen ontmoeten op een prettige manier."
De kommende jierren wurde hiel wat dielen fan de stêd oanpakt. "Er zitten wel zo'n 20 tot 25 maatregelen in, maar we beginnen met 5."
Wethâlder Evert Stellingwerf oer minder auto's op de Eewal
Ien fan dy projekten is de Eewal, de strjitte by kafee De Walrus. De ôfrûne tiid is der al wurke oan minder auto's yn dat gebiet, mar dat kin better, neffens Stellingwerf.
"Foar de Eewal ha we in skoftke lyn al it beslút naam om it autolij te meitsjen, mar it wurket noch net hielendal hoe't wy it betocht hiene. Dat wolle wy no ferbetterje."
Sa komme der beammen en griene fjildsjes yn de strjitte te stean. En om te kontrolearjen oft der echt minder auto's troch de strjitte ride, komt der kamerabewaking.
Mear grien yn de binnenstêd fan Ljouwert
It pleintsje by kafee De Walrus moat griener wurde © Gemeente Ljouwert
De plannen foar de Eewal binne frij dúdlik, mar de plannen foar de Nijstêd moatte noch folslein útwurke wurde. Foardat dy plannen makke wurde, praat de gemeente mei ynwenners fan Ljouwert en minsken dy't by de stêd belutsen binne, seit De Haan. "Wij maken plannen niet meer op het gemeentehuis, maar betrekken inwoners erbij."
Hoe't se dat dwaan sille, wit er noch net krekt. "Maar we gaan zeker met elkaar dat plan maken. Dus we gaan mensen die hier komen, die hier ondernemen en die hier recreëren bevragen op hoe zij hun nieuwe Nieuwstad zien."

Stasjonsgebiet as griene entree

Yn de stêd moat mear romte komme om te bewegen. Sa moatte der kuier- en hurdrinrûten komme. En it stasjonsgebiet moar noch mear de griene entree fan de stêd wurde.
anp
It stasjonsgebiet wie mei Bosk in griene entree fan de stêd © ANP
De Haan: "We hebben een hele mooie binnenstad, de huiskamer van Friesland. Dat willen we ook zo houden. Dus moeten we de komende jaren fors investeren in de stad."
En dan kin de stêd der yn 2030 wolris hiel oars by lizze, seit Stellingwerf. "Dan sjogge je benammen in soad grien. Ik tink dat je foaral hiele blide en ûntspannen minsken sjogge dy't tinke: wat is Ljouwert in prachtige stêd om nei ta te gean."