Omrop Fryslân

HEA! De wylde auto fan Alie

HEA! Goeie panterwein
Bern wolle him aaie en foarbygongers toeterje en swaaie: de auto fan Alie Hamstra fan Damwâld is dan ek wol hiel opfallend. It weintsje is folslein útfierd yn in panterprint.
Alie hâldt wol fan oars as oars. Se krige de auto op 'e jierdei fan har heit, dy't in garaazjebedriuw hat. Heit wist wol in mantsje dy't de wein fan in oar úterlik foarsjen koe.
Sadwaande rydt de toskedoktersassistinte mei in panterauto om. Hamstra hat ek al har motorrydbewiis. Der moat ek noch in motor komme dy't in safarymotyf hat.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.