HEA! Ruby trapet em op 'e sturt

HEA! Goeie Bontebok
Tegearre mei freon Eric Korf makket Ruby Hooijsma har klear foar de autocross yn Zuidwolde. Ruby is noch mar 16 jier, mar wyld fan crossen. Se hat de hobby oerkrigen fan har heit, dy't ek rydt. Ruby hat noch gjin rydbewiis, Eric bringt har derhinne en docht ek it sleutelwurk oan de crossauto.
De jonge ynwenster fan Bontebok docht al aardich mei yn de wedstriden, se waard ferline jier fjirde by it klupkampioenskip. Dêrby lit Ruby al aardich wat mannen achter har. Mei har lakte neilen en glitterletters op 'e auto falt se wol op yn it mannewrâldsje.