Resinsje True West: It skoft is skande

Henk te Biesebeek beskôget True West © Omrop Fryslân
Moed kinne je de inisjatyfnimmers fan it nije toanielselskip TC Teater út Snits yn alle gefallen net ûntsizze. Har earste stik 'True West' fan de Amerikaanske skriuwer Sam Shepard is in konfrontearjende foarstelling, wêryn't de djipste lagen fan ús siel bleatlein wurde.
Chris Marijt en Theo Jager witte it publyk, dat op in lytse ôfstân om de spilers hinne op it poadium sit, oangripend en oertsjûgjend toaniel te bringen. Moai.
Nettsjinsteande it feit dat Shepard al yn 1981 True West skreau, hat it stik noch neat oan aktualiteit ynsketten. In prachtich en simpel ferhaal oer twa bruorren dy't elkoar leafhawwe, mar eins net witte hoe 't se dy leafde ferwurdzje moatte.
De âldste soan Austin, spile troch Theo Jager, is in suksesfol skriuwer. Syn broer Lee in narjende rûchhouwer.

Gruzeleminten

Austin ferbliuwt yn it hûs fan syn mem, dy't op fakânsje is, om it filmskript ôf te meitsjen, wêrmei hy definityf trochbrekke wol yn Hollywood. Dat slagget him lykwols net omdat syn jongere broer Lee, spile troch Chris Marijt, delkomt en alle oandacht opeasket. En dêrmei alle idealen en ambysje fan Austin oan gruzeleminten slacht.
Chris Marijt oertsjûget as jongste soan Lee © Monique Rijpstra
It slagget Marijt om hielendal yn de rol fan syn personaazje te krûpen, it swarte skiep fan de famylje. It talint dat gâns ûnthjit, mar gjin inkele dream wiermakket en him ferliest yn drank en drugs.
Marijt docht dit sa oertsjûgjend dat it publyk gewoan begrutsjen krijt mei de broer. Sa bot sit hy him letterlik op 'e hûd. Hy mislediget him en grypt him by de strôt. En dan, as it publyk hielendal meinommen wurdt yn it fassinearjende spul op it poadium, is it ynienen skoft. Tiid foar in drankje...

Underbrekking

Nei in goed healoere al is it skoft eins in hiel steurende ûnderbrekking. Needsaaklik lykwols, sa wurdt ús meidield, omdat it dekôr in wichtige feroaring ûndergean moat, essinsjeel foar de ynhâld fan it stik. De doarren fan 'e seal moatte ek ticht om de ferrassing grutter te meitsjen.
Mattie Silvius soarget as mem foar in bytsje lucht tusken alle emoasjes © Monique Rijpstra
Mar as it publyk nei it skoft de seal wer yn komt, binne eins allinnich de bakken mei bloeiende blommen ferfongen troch suterige planten. In teken dat de suksesfolle soan Austin net mear foar de blommen fan mem soarge hat.
De konfrontaasje tusken de beide bruorren hat in klimaks berikt. Dúdlik, mar hie dat net oars oplost wurde kinnen? Neffens my hie it publyk de mem ek op har wurd leaud as se útroppen hie dat har blommen gjin wetter krigen ha en dêrtroch fertutearze binne.
De blommebakken steane ommers ek noch heal yn it tsjuster oan de râne fan it poadium en binne mar krekt te sjen. Sa is it skoft mear in hinderlike ûnderbrekking fan in soarchfâldich opboude spanningsbôge. Spitich.

Omkeard

De narrative trúk dy't Shepard sels tapast om syn ferhaal net yn in einleaze diskusje tusken de beide manlju einigje te litten, is like simpel as briljant. De ferhâlding tusken de twa bruorren wurdt troch de skriuwer omkeard mei de komst fan Saul, in wufte Hollywoodproducer.
De tûke Lee slagget deryn Saul mei in potsje golf te oertsjûgjen dat syn eigen libbensferhaal in better filmsenario wêze kin as it skript fan syn broer. Mear noch: Saul is ree om it projekt fan Austin falle te litten en jout dy lêste de opdracht om syn broer te helpen by de ûntwikkeling fan syn senario.
Austin wit net wat er heart en sjocht syn profesjonele dream oan gruzeleminten fallen.
Theo Jager (links) en Chris Marijt as de bruorren Austin en Lee © Monique Rijpstra
Dan blykt de striid tusken de bruorren eins in gefjocht mei harren sels. Jaloersk op elkoar nimt Austin hieltyd mear eigenskippen fan syn broer oer en besiket Lee it artistike en saaklike sukses fan Austin benei te kommen.
It gefolch is dat Austin de kontrôle ferliest en him fergrypt oan drank en stellerij, wylst de praatsjemakker Lee om help smeket as it him net slagget in goed ferhaal te skriuwen. It oanlûken wurdt ôfstjitten om úteinlik yn in omearming te einigjen. Want feitliks kinne de beide karakters net sûnder elkoar.

Skande

True West kin as earste produksje fan TC Teater út Snits dus besjen lije. In komplimint foar alle meiwurkers. Al bliuwt it in bytsje frjemd dat Marius den Otter as de filmprodusint as iennichste op it poadium Hollânsk praat. Tusken alle Frysk sprekkende personaazjes wurdt de reden dêrfoar net echt dúdlik.
Marius den Otter soarget as filmprodusint Saul foar in omkearpunt yn de foarstelling © Monique Rijpstra
Boppedat hie syn rol as de glêde sakeman dy't benammen oan de sinten tinkt, krekt wat wufter en liniger kind as no it gefal is. Wat dat oanbelanget, docht Matthie Silvius wol kreas wat se dwaan moat. As de mem fan beide soannen soarget se efkes foar wat wolkomme lucht tusken alle emoasjes.
O ja, en dan dat skoft dus. Dat is op dizze wize mear in lêst as in needsaaklik rêstpunt. In bytsje skande foar de prestaasjes op it poadium. Want foar al it oare is dizze foarstelling fan True West troch TC Teater in boppeslach!