Omrop Fryslân

Azc-dokter Frank Meijer nimt ôfskied: "Wie bang is voor een azc, moet hier maar eens komen"

Frank Meijer
© Omrop Fryslân, René Koster
Dokter Frank Meijer nimt ôfskied fan it azc yn Balk. Syn wurkplak wie hiel oars as dy fan in trochsneed dokter, mar net minder moai, fynt er. "Wie bang is voor een azc moet hier maar eens komen. Daar word je vrolijk van."
It wie tiid foar pensjoen nei in aventoerlike, medyske karriêre. Meijer begûn as dokter op in oar bysûnder plak, yn Afrika: Tanzania en Simbabwe. Om wat yn de kunde te kommen mei it systeem dêr, wurke Meijer earst in skoftke yn it sikehûs yn de Simbabwaanske haadstêd Harare. Dêr diene se bygelyks 2.400 befallingen yn 'e moanne.
Hy wurke dêr seis jier yn in sikehûs as iennige dokter, doe't it lân nei in lange frijheidsstriid yn in opboufaze siet.
Frank Meijer
© Omrop Fryslân, René Koster
Hy seach dêr sa'n 350 pasjinten op in dei. "En hun familie kwam dan ook mee. Die stookten houtvuurtjes op het buitenterrein om er eten op te koken." Dat er him no sa thúsfielt op it azc hat net iens safolle te krijen mei syn ûnderfining yn Afrika. "Er zit wel wat avontuur in mij, maar niet puur het Albert Schweitzer-gevoel."

Grutte fariëteit oan kleuren en kultueren

Meijer sjocht dat guon minsken noch wolris benaud binne foar in asylsikerssintrum. "Ik snap dat, want onbekend maakt onbemind. Toch raad ik ze aan om hier gewoon eens langs te komen. Het is een fijne gemeenschap met een grote variëteit aan kleuren en culturen."
Syn situaasje yn it azc wie net te ferlykjen mei it wurkjen yn in gewoane praktyk. Sykten dy't yn Nederlân al lang net mear foarkomme, komme somtiden wol yn de opfangsintra foar.
Ek hie Meijer folle mear te krijen mei trauma's as oars: "Laatst nog iemand van wie het ouderlijk huis was gebombardeerd waardoor hij in één klap een groot deel van zijn familie verloor. Dat kun je je eigenlijk niet voorstellen."
Frank Meijer by ir azc
© Omrop Fryslân, René Koster
As kado foar by syn ôfskie hat dokter Meijer in bysûndere winsk. Hy wol graach dat der in wurkgroep komt, dy't him ynset om in paad te realisearjen fan it hjoeddeistige azc ôf nei de Sleatemer Mar.

Paad fan oantinken

"Als het centrum hier straks niet meer is, kan het een soort herinneringspad worden. Vanwege het azc zelf, maar ook vanwege een groter doel. Als je daar loopt kun je beter filosoferen en je proberen voor te stellen hoe het is, als je je land moet ontvluchten."
Efter it idee foar dit bysûndere kado sit ek noch in stik frustraasje. Meijer kin him der echt oer opwine dat je fan Balk út hast net mear by de mar komme kinne om't ferskate lúkse bungalowparken oeral grutte slachbomen foar set hawwe.
Somtiden is dat sels op plakken dêr't je del moatte om by in iepenbier kuierpaad te kommen. "Schandalig!", ropt er nochris striidber.
Buro de Vries op besite by it azc yn Balk by dokter Frank Meijer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.