Omrop Fryslân

Wêrom fiele we empaty foar de ien en net foar de oar? Tina ûndersiket it

Tina Farifteh yn Seisbierrum
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Wêrom hâlde we de iene flechtling tsjin by de grins fan Europa en helje we in oare flechtling binnen mei iepen earms?
Dy fraach stelt Tina Farifteh út Seisbierrum yn har dokumintêre Kitten of Vluchteling. De Nederlânsk-Iraanske Farifteh is fotograaf en filmmakker en giet yn de dokumintêre op 'e siik nei hoe't empaty wurket.
Farifteh is as 13-jierrich famke nei Nederlân kaam, omdat har heit flechtsje moast foar it Iraanske rezjym. Troch har eigen eftergrûn lûkt se har it lot fan flechtlingen oan, en doe't se hearde fan de breklike opfang fan asylsikers yn it azc yn Ter Apel - minsken moasten bûten sliepe - knapte der wat by har.
Tina Farifteh
Want tagelyk waarden flechtlingen út Oekraine mei iepen earms ûntfongen. Minsken koene fuortendaliks oan it wurk en de bern koene nei skoalle. Krekt sa't minskerjochte-organisaasjes al jierren advisearje.
Mar wêrom slagget dat by de iene flechtling wol en by de oare net? En wêrom fiele wy empaty foar de iene persoan en net foar de oare?
Ik wilde weten waarom onderweg naar Europa heel veel mensen verdrinken en waarom ons dat niet echt meer raakt.
Tina Farifteh oer har fideo-ynstallaasje The Flood
Tina Farifteh hat studearre oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunsten yn Den Haag. Yn har ôfstudearprojekt The Flood ûndersiket se wêrom't politisy faak wettermetafoaren brûke as der oer flechtlingen praat wurdt. Se hawwe it oer bygelyks in tsûnamy of in golf asylsikers.
Yn har fideo-ynstallaasje is de sjogger omkringe troch bylden fan wetter, wylst in stimme nammen fan ferdronken flechtlingen oplêst. Tagelyk hearst politisy praten oer de golf flechtlingen dy't op ús ôfkomt.
"Ik heb ervoor gekozen om juist niet beelden van mensen te gebruiken, we hebben al zoveel van de beelden gezien, en die beelden doen ons niets meer", sa fertelt Farifteh. "Ik wilde weten waarom onderweg naar Europa heel veel mensen verdrinken en waarom ons dat niet echt meer raakt."
Tina Farifteh by de Waadkust
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Farifteh hat ferskate prizen wûn mei The Flood, lykas de Talent Award fan it Fotofestival Naarden, en de twadde priis fan de Zilveren Camera yn de kategory Storytelling. De NRC neamde har begjin dit jier ien fan de "culturele talenten" fan 2023.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Farifteh filme de wettergrinzen fan Nederlân om dy te brûken yn har fideo-ynstallaasje The Flood en kaam sa ek terjochte by de Waadkust. Se fûn it der sa moai, dat se der letter nei ta ferhuze is.
"Het leek me leuk om ergens te wonen met een hele mooie naam, dus ik dacht: Sexbierum is wel iets voor mij." Se is geregeld op de dyk te finen. It bringt har rêst. "Dan sta je in de wind en dan kun je voor je uit staren, de Waddenzee, gewoon een wijde blik, geweldig!"
Tina Farifteh fynt rêst op de Waaddyk
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
De dokumintêre Kitten of Vluchteling giet snein 24 septimber yn premjêre op it Nederlands Film Festival. Op 26 septimber is de dokumintêre te sjen by de VPRO op NPO2 om 23.35 oere.
The Flood is fan oktober ôf te sjen yn it Amsterdam Museum.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.