Flater Andries Noppert triuwt sc Hearrenfean fierder it moeras yn
Foar de fiifde kear op rige hat sc Hearrenfean in earedivyzjeduel ferlern. Dizze kear hie it lykwols net hoegd: de Friezen hienen it duel mei FC Twente aardich ûnder kontrôle, mar ferlearen dochs troch in flater fan Andries Noppert.
Hearrenfean ferlear ferline wike op in beskamsume wize mei 0-3 fan Excelsior. Dat moast oars, fûn trainer Van Wonderen en dus griep er hurd yn. Denzel Hall, Syb van Ottele, Ché Nunnely en Ion Nicolaescu ferlearen harren basisplak oan Hussein Ali, Pawel Bochniewicz, Patrik Wålemark en Pelle van Amersfoort.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Ali, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Brouwers, Haye, Olsson; Wålemark, Van Amersfoort en Sahraoui.
Hearrenfean stie fuortendaliks fol ûnder druk en Twente krige in rige hoekskoppen. De Friezen kamen der sûnder kleanskuorren foarwei.
Gjin grutte kânsen
Hearrenfean krige fia Luuk Brouwers en Wålemark ek wat momintsjes, mar ta grutte doelkânsen kaam it net. Dat jilde trouwens ek foar Twente, dat pas nei 30 minuten foar it earst gefaarlik waard: Sem Steijn skeat wyld njonken.
De gefaarlikste ploech yn it earste part fan de twadde helte wie sc Hearrenfean. Earst krige Wålemark de bal der net yn nei in foarset fan Mats Köhlert. Efkes letter skoarde Brouwers wol, mar hy stie bûtenspul by de frije traap fan Thom Haye en dus waard de treffer ôfkard.
Vlap profitearret fan flater Noppert
Nei 66 minuten foel der oan de oare kant wol in doelpunt. Snitser en âld-Hearrenfeanspiler Michel Vlap helle út fan in meter of 20 ôf. It skot like maklik te kearen foar doelman Andries Noppert, mar de Jouster liet him ferrivelje en de bal gie tusken syn fuotten troch yn de goal: 1-0.
Vlap hie tsien minuten letter oan alle spanning in ein meitsje kind, mar hy skeat de bal krekt njonken.
Slotoffinsyf
Mei Nicolaescu as ynfaller besocht Hearrenfean nochris alles op alles te setten om in punt binnen te heljen, mar kânsen wienen der net mear en dus ek gjin doelpunten.
Hearrenfean bliuwt dus op seis punten stean út sân wedstriden en dêrmei stiet de ploech fan trainer Kees van Wonderen by de ûnderste ploegen fan de earedivyzje.