Hearrenfeanfolger Roelof de Vries: "De fans fan Hearrenfean moatte har skamje"

Sportcast © Omrop Fryslân
De sprekkoaren oan it adres fan trainer Kees van Wonderen fan sc Hearrenfean binne net terjochte. Dat seit sportferslachjouwer Roelof de Vries yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
"Keessie rot op" en "Schaam je kapot" klonk it sneon yn it Abe Lenstra Stadion nei de 3-0 nederlaach tsjin Excelsior. Noch net earder waard Van Wonderen sa bekritisearre troch de eigen supporters.
"De fans fan Hearrenfean moatte har skamje", seit De Vries. "Ik fyn it treurich dat je dêr as publyk sitten geane en mei in wyt doek swaaie. It wie wol aardich massaal dit kear. Dan tink ik: hoe kin dit no?"
Neffens de Hearrenfeanfolger fan Omrop Fryslân hat it gjin doel as de klup har trainer dien jout. "It hat wol bewiisd dat in trainer fuortstjoere hast nea helpt."
De Vries pleitet boppedat foar mear realisme yn it Abe Lenstra Stadion. "Ik mis it realisme. Hearrenfean hat ûngefear de njoggende of tsiende begrutting, mar it ferskil mei bygelyks it santjinde plak is net hiel grut."
"Tuerlik kinne je net fjouwer kear op in rige ferlieze. Mar Hearrenfean is ek net hiel folle better as dit. It probleem leit net by de trainer, mar by it belied fan de ôfrûne jierren mei de finansjele tekoarten", fynt De Vries.

Problemen by Cambuur

In nivo leger gie SC Cambuur mei 3-2 ûnderút tsjin Jong FC Utrecht. Wer trije tsjindoelpunten dus. "Ik fyn it ferdigenjend hiel swak", fynt sportferslachjouwer Geert van Tuinen. "En se ha in probleem mei de kontinuïteit. It is te folle op en del en yn it entûsjasme wurde flaters makke."
Neffens sportferslachjouwer Andor Faber is it tiid foar in wiksel yn de definsje. "Ik tink wol ris: wat hat Léon Bergsma allegear ferkeard dien by de trainer dat hy net opsteld wurdt?", freget Faber him ôf.
Van Tuinen: "Ik tink dat Bergsma no wol wer yn byld komt, want Ultee is wol sykjende. Mar Bergsma is ek net de echte killer."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.