Ultee nei nederlaach Cambuur: "In eerste helft weggeblazen, maar daarna veel goeds"
"Het tactisch plan was niet goed genoeg, en het tempo in het veld ook niet. In de tweede helft was er inzet en strijd, maar niet genoeg voor een punt." Dat sei trainer Sjors Ultee fan SC Cambuur nei de thúsnederlaach tsjin Jong PSV.
Cambuur ferlear yn in doelpuntrike wedstriid fan de ploech út Eindhoven: 3-4. It is it tredde ferlies fan de Ljouwerters dit seizoen.
Dat lei neffens Ultee benammen oan de earste helte fan syn team. "We werden in de eerste helft weggeblazen", neffens de trainer. "PSV deed het goed en ons plan klopte daarbij gewoon niet."
Reade kaart
Jong PSV kaam al gau yn de wedstriid op 0-2. Dêrnei krige Cambuur-spiler Sekou Sylla in reade kaart en moast de ploech mei tsien man fierder. "Dat werd wel een hele lastige puzzel", neffens Ultee.
Dochs begûn de twadde helte fan de wedstriid alderaardichst. "We hebben het met de twee wissels best goed gedaan. Er kwamen meteen twee goals en meerdere kansen. Er zat veel goeds bij, maar het was niet goed genoeg voor een punt."
Trainer Sjors Ultee fan SC Cambuur
De wedstriid lei efkes letter noch in skoftke stil, om't der in beker bier op it fjild smiten waard. Neffens de trainer fan Cambuur hat dat tsjinstanner Jong PSV mooglik wol wat yn de kaart spile. "De trainer van Jong PSV zei net dat ze eigenlijk wel blij waren met de onderbreking."
"Wel heel erg overdreven"
Oft it spul echt wol stillein wurde moast, dêr set Ultee syn fraachtekens by. "Het mag niet, dat weet ik. Maar ik vraag me af of er überhaupt wel iemand in de buurt van die beker stond. Moet je dan naar binnen gaan? Ik weet het niet. Als er vuurwerk wordt gegooid, dan snap ik het volledig. Maar dit is wel heel erg overdreven."
Cambuur-oanfaller Milan Smit stie freedtejûn net yn de basis fan Cambuur, mar mocht pas nei it skoft it fjild op. Dat wylst hy dit seizoen al in soad doelpunten makke hat foar de Ljouwerters.
"Het kwam voor mij als een grote teleurstelling. Je wilt altijd spelen en als je het goed doet, komt de klap extra hard aan. Maar ik ben er goed mee omgegaan", neffens Smit.
Milan Smit
Oer de wedstriid is hy it foar it grutste part mei syn trainer iens. "De eerste helft was gewoon niet goed genoeg. Maar na rust kregen we het publiek er weer achter en begonnen we er weer in te geloven."
"Haalde ons uit de flow"
Dat Jong PSV úteinlik de winst pakte, hat te krijen hân mei it stillizzen fan it spul nei it bekerynsidint. "Het haalde ons uit de flow, terwijl wij ze over de knie hadden. Als we op het veld hadden blijven staan, waren we over ze heen gelopen."