Spektakel yn Cambuurstadion einiget yn soer ferlies foar de Ljouwerters

Desepsje by Cambuur nei ferlies tsjin Jong PSV © Dijks Media
SC Cambuur is tsjin it tredde ferlies fan dit seizoen oanrûn. Yn in doelpuntrike wedstriid wie Jong PSV mei 3-4 te sterk foar de Ljouwerters.
De begjinfaze fan de earste helte wie alderaardichst. De ploech fan trainer Sjors Ultee sette fûl útein tsjin it belofteteam fan PSV. Al yn de earste minút binne der kânsen foar Cambuur. Remco Balk en Roberts Uldrikis witte lykwols net te profitearjen. De Letske spits begûn yn de basis ten koste fan kluptopskoarder Milan Smit.
Oan de oare kant kreëarret Jong PSV flak dêrnei in mooglikheid mar doelman Reiziger wit mei in knappe refleks rêding te bieden en wurket de bal fuort.

Mear muoite

Yn it ferfolch fan de earste helte hawwe de Ljouwerters mear muoite mei it technyske spul fan de Eindhovenaren. Uldrikis syn skot wurdt blokt, Van Kaam sjocht syn ynset net tusken de peallen einigjen nei in pass fan Breij.
Nei 18 minuten komt it grutste gefaar fan Jong PSV fan Land, dy sjit oer. Ut it neat folget dan yn de 21e minút de foarsprong foar de besikers: de flater is fan Cambuurferdigener Caschili as hy opbouwe wol. Jason Van Duiven kin mei de binnenkant fan de foet maklik binnentikke en set syn ploech op 0-1.

Desepsje

De desepsje wurdt noch grutter as Jong PSV de 0-2 makket. Land kin yn de 28e minút de bal maklik binnensjitte. De problemen wurde grutter en grutter nei in diskutabele reade kaart foar Sekou Sylla. Cambuur moat mei tsien man fierder tsjin in better fuotbaljend Jong PSV.
De talinten út Eindhoven spylje makliker en hawwe it bettere fan it spul. De ploech fan Ultee komt der goed foar wei as Marco Tol de bal fuortjout en Jimenez frij op doelman Reiziger ôf kin.
Opstelling SC Cambuur: Reiziger, Caschili, Tol, Smand, Sylla, Van Mullem, De Jong, Van Kaam, Breij, Uldrikis, Balk
Opstelling Jong PSV: Schiks, Kwaaitaal, Van de Blaak, Dams, Tytens, Jimenez, Land, Nassoh, Abed, Van Duiven, Bars
Yn it skoft grypt Sjors Ultee yn. Roberts Uldrikis en Marco Tol ferlitte it fjild, de ferfangers binne Milan Smit en Silvester van der Water. De rappe fleugeloanfaller makket syn rentree nei in blessuere oan syn ljisk. Nei de tee komt SC Cambuur mei de oanslutingstreffer. Michael Breij tekenet yn de 56e minút foar de 1-2.
Milan Smit hie dêrnei fuortendaliks foar de lykmakker soargje kinnen. Nei in stekbal fan Van der Water koe de doelman Schiks it skot fan de ynfaller krekt út de hoeke tikke. Dyselde Smit hie yn de 59e minút in strafskop krije moatten. Skiedsrjochter Ruperti woe lykwols net om lyk, doe't Smit fêsthâlden waard.

Cambuur komt werom

Mei tsien man bûcht Silvester van der Water de efterstân yn de 63e minút om nei 2-2. De wedstriid wurdt dêrop efkes stillein as der in beker bier op it fjild bedarret. Yn de tsien minuten skoft set Jong PSV it oars del en krijt it wer mear greep op de Ljouwerters. Land set de Eindhovenaren op 2-3.
De grutste kâns foar Cambuur moat dan noch komme. Smit hellet mei de binnenkant fan de foet út nei in kombinaasje mei Breij, syn ynset mist krêft en ek yn de rebound wit Silvester van der Water net te skoaren. Ek in skot fan Remco Balk syn skot giet in kertierke foar tiid njonken.

Alles of neat

Alle hoop op in lykmakker liket ferflein as Van Duiven yn de 88e minút syn twadde fan de wedstriid makket: 2-4. Dochs komt der wer spanning oan it Cambuurplein: Milan Smit makket der krekt foar tiid wer in wedstriid fan, hy sjit de 3-4 op it boerd. Yn de seis minuten blessueretiid spilet Cambuur alles of neat, mar it wurdt úteinlik neat.
It betsjut it tredde ferlies dit seizoen fan Cambuur.