Trainer Kees van Wonderen giet it gefjocht oan by sc Hearrenfean: "Er zijn geen excuses"

Kees van Wonderen © Orange Pictures
Sprekkoaren fan de tribunes ôf, wite bûsdoekjes foar de trainer en lilke supporters dy't yn petear geane mei de direksje. De posysje fan Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen leit behoarlik ûnder fjoer. Mar Van Wonderen jout net op: "Ik ga het gevecht aan."
Nei it beskamsume 0-3-ferlies tsjin Excelsior stapte Van Wonderen sneontejûn yn syn auto. Syn frou en dochters sieten ek yn it stadion en rieden mei him nei hûs.
"De sfeer is weleens beter geweest", fertelt Van Wonderen. "Ik vind het hartstikke leuk om schouderklopjes te krijgen, maar soms kom je in een situatie terecht waarbij de pijlen op je gericht zijn. Dan komt er kritiek en vindt men dat je moet vertrekken. Maar ik vind het een uitdaging om het tegendeel te bewijzen en ga het gevecht aan."
Kees van Wonderen jout net op by sc Hearrenfean
It publyk fan Hearrenfean rjocht syn krityk op de oefenmaster. Van Wonderen wurdt ferantwurdlik hâlden foar de minne resultaten. Fjouwer kear op rige ferlieze en dan ek noch de wize wêrop, dat giet der by de Hearrenfeansupporters net yn.
Van Wonderen: "Het is niet leuk, maar ik snap de onvrede en de emoties van het publiek. Maar als ik analyseer wat we met de spelers en de staf aan het doen zijn, kan ik wel plaatsen waarom het nog niet gaat zoals we graag willen."

Foar it earst in fitte seleksje

"Wij reizen straks af naar Twente en hebben dan voor het eerst iedereen beschikbaar", fertelt de trainer. "Niet iedereen kan al 90 minuten maken, maar we kunnen ze wel allemaal gebruiken."
Dat syn alvetal noch net optimaal draait, hat der neffens him dus ek mei te krijen dat de ploech yn eardere wedstriden net kompleet wie. "Maar excuses zijn er niet, we moeten zo snel als mogelijk resultaten halen."
De wedstriid FC Twente - sc Hearrenfean set om 21.00 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Arjen de Boer.
Van Wonderen: "Ik probeer het elftal zo goed mogelijk te laten draaien en sportief datgene te doen wat we voor ogen hebben. Zolang ik daar perspectief in zie, blijf ik daar mijn tanden in zitten. En zolang de leiding van de club er nog vertrouwen in heeft, ga ik zo lang mogelijk door om het tij te keren."
"Ik snap ook wel dat je niet 20 wedstrijden kan wachten voordat je erachter komt dat iets niet gaat functioneren", jout Van Wonderen ta. "Maar twee wedstrijden winnen en daarna vier keer verliezen, is dat dan het moment om te zeggen dat we wat anders gaan doen? Dat lijkt mij wat vroeg."