Omrop Fryslân

Kluptopskoarder Smit moat by Cambuur plakmeitsje foar Uldrikis

Roberts Uldrikis
© Dijks Fotografie
Roberts Uldrikis stiet freed yn de basis by SC Cambuur. Hy krijt tsjin Jong PSV de foarkar boppe Milan Smit.
It is opfallend dat Smit op de bank sit, want hy makke yn sân kompetysjewedstriden seis doelpunten. Dêrmei is hy de kluptopskoarder fan Cambuur. Dochs kiest trainer Sjors Ultee tsjin Jong PSV foar Uldrikis.
"Milan heeft het goed gedaan en veel goals gemaakt, maar Roberts doet het ook uitstekend", seit Ultee oer syn beide spitsen. "We denken deze wedstrijd de kwaliteiten van Roberts heel goed kunnen gebruiken."

"Zuur"

Smit is dus de topskoarder fan Cambuur, mar dêr moat wol by sein wurde dat fiif fan syn seis goals út strafskoppen foelen. De 20-jierrige spits baalt bot fan it ferliezen fan syn basisplak, fernimt Ultee. "Hij vond het heel zuur. Je ziet aan iemands gezicht wel dat iemand er heel erg van baalt. "
Sjors Ultee oer de kar foar Roberts Uldrikis yn stee fan Milan Smit
Yn de ferdigening feroaret Ultee neat. En dat wylst de tsjindoelpunten tsjin Jong Utrecht op in te maklike wize ta stân kamen. De trainer fan Cambuur oerwage wol om Léon Bergsma yn te bringen, mar hat der úteinlik dochs net foar keazen.

Corners weijaan

De Ljouwerters krigen yn sân wedstriden tolve treffers tsjin. Faak wurdt der nei de definsje wiisd, mar dat wol Ultee graach nuansearje. "Het beeld is vaak dat tegengoals de schuld zijn van de verdediging en niet scoren de schuld is van de aanval. Dat is vaak veel te kort door de bocht."
As foarbyld neamt er de earste tsjingoal tsjin Jong Utrecht, dy't foel út in hoekskop. "Daar kun je inzoomen op het duel dat je centraal verliest, maar nog veel meer op waarom je twee corners weggeeft in vier minuten spelen."
Sjors Ultee oer de ferdigening fan Cambuur
Neffens de trainer leit dat net allinnich oan de ferdigeners. "Dat is een teamprestatie. Ik vind het doelpunten die we als team hebben weggegeven en die we als team beter moeten doen."

Noch gjin Van Osch

Keeper Yanick van Osch is der ek noch net by tsjin Jong PSV. Syn herstel duorret noch krekt wat langer. Ultee ferwachtet him op koarte termyn werom: "Het gaat de goede kant op." Daan Reiziger ferdigenet, lykas ferline wike tsjin Jong FC Utrecht, it doel.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong PSV begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio. Dat set om 19.45 oere útein. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion wei.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is sneon werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.
Silvester van der Water sit foar it earst sûnt er de ljiskblessuere tsjin FC Den Bosch oprûn wer by de seleksje, mar hy begjint op de bank. Datselde jildt foar Wiebe Kooistra, dy't siik wie mar wer better is.
Tsjinstanner Jong PSV is de nûmer tolve fan de earste divyzje. Ut de earste sân wedstriden hellen de Eindhovenaren tsien punten. Ultee kin dreech ynskatte wat er fan harren ferwachtsje moat, om't de gearstalling fan de seleksje faak feroaret by Jong PSV.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.