Van Wonderen sjocht noch perspektyf nei pynlik ferlies: "Ik schaam mij niet voor mijn ploeg"
Swier tsjinfallend spul mei as resultaat in fjirde nederlaach op rige yn de earedivyzje wie sneontejûn it lot foar sc Hearrenfean. Yn eigen hûs waard it tsjin Excelsior 0-3.
In pynlike nederlaach, neamt trainer Kees van Wonderen it. Oft er him skamme hat foar syn ploech? Nee, dat net, mar dúdlik is neffens him wol dat der dominanter en makliker fuotballe wurde moat.
"Dat we een tegenstander veel meer de wil op kunnen leggen", seit Van Wonderen. "Maar waar het bij begint is dat de jongens hun uiterste best doen, alles daarin geven en dat niet alles lukt."
Trainer Kees van Wonderen skammet him net foar syn ploech
Nei in reedlike begjinfaze, like it nei ferrin fan tiid as wie Hearrenfean tsjin himsels oan it fuotbaljen. "Dat is minder leuk om naar te kijken, dus dat deel ik met de supporters die dat allemaal hebben laten blijken", jout Van Wonderen ta.
Hy doelt dêrmei op de supporters dy't yn spreekkoaren harren ûntefredenheid blike lieten. "Keessie rot op", galme it oer de tribunes fan it Abe Lenstra Stadion, folge troch: "Schaam je kapot."
"Dat is nooit leuk om te horen", seit Van Wonderen. "Omdat het specifiek naar jou is gericht. Ik heb het ook nog niet eerder meegemaakt." Hy kin it him lykwols ek wol foarstelle. "Je bent supporter van Heerenveen, zit in het stadion en wilt vermaakt worden. Je wilt het voetbal zien zoals Heerenveen dat jaren geleden wervelend op de mat legde. Dat lukt de laatste tijd onvoldoende, en dan is dit het gevolg."
Oan de gemy tusken him en syn ploech leit it net, stelt Van Wonderen. Hy sjocht noch altyd foldwaande perspektyf. "Maar dat moet iedereen natuurlijk vinden."
Benaud om syn trainersposysje te ferliezen is Van Wonderen net, al fielt er him wol ferantwurdlik. "Voor de mensen die hier werken, voor de mensen die de club supporten", seit er. "Dan ga je er alles aan doen om het tij te keren."
Thom Haye wie nei in skorsing werom yn de basis
Foar Thom Haye past de nederlaach tsjin Excelsior yn it rychje pynlike duels yn syn karriêre. Nei de 0-1 like de wedstriid as in kaartehûs yninoar te sakjen. Neffens Haye waard der net spile sa as dat yn it foar ôfsprutsen wie.
"Er sluipt een bepaalde onrust in. We willen wat meer forceren, terwijl we hetzelfde hadden moeten doen als wat we van tevoren hadden besloten: geduldig blijven, de bal sneller laten gaan. Maar door te geforceerd naar voren te willen, hebben we ze alleen maar meer in de kaart gespeeld."
Oan de gemy mei trainer Van Wonderen leit it net, seit Haye, de ploech moat sels ek ferantwurdlikheid nimme. "Af en toe kun je coachen wat je wilt, maar als wij simpele ballen verliezen en worden weggecounterd, dan kun je iedereen voor de groep zetten. Maar we moeten ook naar onszelf kijken."
Patrik Wålemark makke syn debút yn it pompeblêdeshirt
It wie in pynlik debút yn it pompeblêdeshirt foar Patrik Wålemark. De Sweedske spiler waard der yn de 62e minút ynbrocht om de wedstriid te forsearjen. Hy krige fuortendaliks in goede kâns, mar de bal fleach oer de goal fan Excelsior.
Skande dat it net slagge om punten te pakken, seit er. Hy fynt dat de hiele ploech mar ris yn de spegel sjen moat en dat der mei-inoar wurke wurde moat oan ferbettering.
Dochs is er ek bliid dat er nei in lange blessueretiid wer op it fjild stean koe. Sân moannen lyn spile er foar it lêst in wedstriid. Ik fielde my einliks wer in fuotballer, seit Wålemark.