Omrop Fryslân

Kopstikken koälysje by It Polytburo: "Alles boppe it minimum jouwe we út"

De kopstikken fan Deputearre Steaten
© Omrop Fryslân
In nij seizoen fan It Polytburo. Mei de fiif deputearren dy't de ôftraap dogge. Libbet Fryslân net op te romme foet? En hoe komt it mei de gaswinning by Ternaard? "Hans Vijlbrief moat gau mei in dúdlikheid komme", sa seit Friso Douwstra (CDA).
It plan wie om al earder mei-inoar plak te nimmen by It Polytburo, mar de kolleezjepuzel wie noch net lein. Neidat der genôch wetter by de wyn kaam, waarden de hannen yn july dan dochs skodde. Ien fan de opjeften dy't der lizze is it lânboubelied. Fryslân joech earder oan goed 5,2 miljard euro nedich te hawwen foar de oanpak fan stikstof en de ferbettering fan natuer.

Lânbouprovinsje nûmer ien

It lanlike potsje is lykwols 24,3 miljard. "Nee, we ha net oerfrege", seit Femke Wiersma (BBB), dy't ûnder oare de lânbou op har buordsje hat. "We moatte net op de saken foarútrinne, mar de kâns is fansels grut dat dat bedrach der net komt. Mar sa giet dat by in offerte." Earder joech de provinsje oan 4,5 miljard nedich te hawwen. "Dêrnei binne de plannen krekter besjoen, en kaam der 5,2 miljard út."
Yn de wet stiet dat de stikstofreduksje yn 2035 de helte minder wurde moat. Wiersma ropt op ta kalmte. "Sûnt de jierren '90 binne wy al dwaande mei it redusearjen fan stikstofútstjit. De ynnovaasjes yn de lânbou bliuwe harren ûntwikkeljen", seit Wiersma, dy't hopet sa in slach meitsje te kinnen. "Wat net feroaret is dat we fol ynsette om de lânbou yn Fryslân te behâlden. Sterker: we moatte lânbouprovinsje nûmer ien bliuwe."
Wat de provinsje fynt? Wy hoopje dat se net boarje. It Waad moat beskerme wurde.
Friso Douwstra
Friso Douwstra (CDA) hat ûnder oare mynbou yn syn pakket. De ûntwikkelingen by Ternaard folget er dan ek mei arguseagen. De NAM wol dêr gaswinne, mar de UNESCO seit dat it Waadgebiet sa de status fan wrâlderfgoed ferlieze kin. In ympasse is it gefolch.
Op de fraach oft de provinsje hjirtroch klem komt te sitten, skoddet Douwstra de holle. "Nee. Mar helder is dat in antwurd te lang útbliuwt. Demisjonêr sekretaris Hans Vijlbrief moat gau mei dúdlikheid komme. Dêr ha wy him ek in brief oer stjoerd, mei de gemeenten. We snappe dan ek dat de NAM ûngeduldich is", seit er. "Wat de provinsje fynt? Wy hoopje dat se net boarje. It Waad moat beskerme wurde."
It kolleezje fan Deputearre Steaten
© Provinsje Fryslân
Oer nei deputearre Sijbe Knol, fraksjefoarsitter fan de FNP. Hy bûcht him ûnder oare oer de wenningbou. Dêrfoar leit in stevige opjefte: foar 2030 om de 17.000 huzen hinne bouwe.
"Dit is yn prinsipe in opdracht foar de gemeenten, mar wy as provinsje kinne mei ús kennis en kunde serieuze ynfloed útoefenje. Want der moat wat barre. Sa is it bekend dat it foaral foar in soad jongeren dreech is om in hûs te keapjen", seit er.
Knol wol sjen hoe't hy de prizen drukke kin. "Dêr't je earst in hypoteek ôfslute koene foar 1.100 euro, dêr betelje je no foar itselde hûs sa 1.700 euro de moanne. En dêrneist geane de rinten ek noch omheech. Dat moat oars."

Ferskraling kultuersektor

Dan oer de kultuer, ek ûnderdiel fan syn portefúlje: "Dêr wolle wy flink yn ynvestearje. Krekt as yn de Fryske taal. Fryslân hat in ryk kultuerlibben. Fan musea oant grutte produksjes, lykas Arcadia. Mei de gemeenten wolle we derfoar soargje dat de kultuersektor net fierder ferskraalt", seit er.
Dêrmei doelt er benammen op de Fryske festivals. "Dy lûke hieltyd faker fuort fanwege de útdijende regeljouwing. Dêr moatte we foar stean gean."

Fernuvering oer 175 miljoen

En hoe komt it mei de finânsjes fan de Provinsje Fryslân? Dêrfoar binne de eagen ûnder oare rjochte op Eke Folkerts (BBB). Se joech earder te kennen dat der 175 miljoen ynvestearre wurdt yn Fryslân. Dat soarge foar fronsele wynbrauwen by de opposysje. Is dat wol ferantwurde?
Wy hâlde feilige marzjes oan. Alles wat boppe it minimum sit, jouwe wy út.
Eke Folkerts
Folkerts fersekeret dat dat jild der is. "We hâlde feilige marzjes oan. Alles wat boppe it minimum sit, jouwe wy út. Dat is ek de wize wêrop't foarige kolleezjes harren diel útjoegen. "
"We binne dus gjin earme provinsje oan it wurden, lykas hjir en dêr beweard wurdt. We bliuwe de risikopotsjes behâlden", jout Folkerts oan. "Sjoch it as fakânsjejild. Kinst kieze oan watfoar ekstra's oftst it spandearrest. Kinst it oppotsje of yn ús gefal: ynvestearje yn de mienskip. Wy kieze foar dat lêste."
Presintaasje fan it koälysje-akkoart yn Furdgum
© Omrop Fryslân
De útsprutsen winsk fan Matthijs de Vries (ChristenUnie) wie om iepenbier ferfier op him te nimmen. Dy winsk is ynwillige. Hy wol graach maatwurk leverje, fersekeret de deputearre. "Dat kinne wy berikke troch yn petear te gean mei de mienskip. Wat is nedich?"
Yn juny en july ride der oer in perioade fan seis wiken minder en somtiden sels gjin treinen fan en nei Ljouwert. Dêr hat De Vries noed oer. "Ik bin dan ek yn petear mei ProRail oer alternatyf ferfier. Yn 'e mande mei de ûnderwiisynstellings. Wy pakke hjiryn graach de ferbinende rol, sadat de reizger hjir sa min mooglik lêst fan hat."

Wat te dwaan mei de wolf?

It petear wurdt ôfsletten mei noch in hjit hingizer: de wolf. "It is in moai bist, mar ek in grutte predator. Dêrtroch is it in grutte soarch foar de boeren", fertelt De Vries. "Wy pleitsje yn alle gefallen foar in ferleging fan de beskerme status."
© Gerco van Beek

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.