Lânbouminister Piet Adema: "Lânbouakkoart moat der binnen fjirtjin dagen komme"

"We sitte no yn de faze dat we ta in lânbouakkoart komme moatte", seit lânbouminister Piet Adema (ChristenUnie). Hy wol dat de partijen oan de ûnderhannelingstafel der binnen twa wiken út binne mei inoar. "Mar as wy der net útkomme, betsjut dat net automatysk dat it kabinet ek fuort moat."
Dochs wol Adema noch net oan dat senario tinke. "Ik ha der noch fertrouwen yn. Oars soene we net mear oan tafel sitte mei al dy partijen. We fiere noch altyd it goeie gesprek oer ûnderwerpen dy't derom gean."
Gjin lânbouakkoart is foar minister Piet Adema gjin reden om ek de stekker út it kabinet te lûken
Dúdlik is wol dat it spannende tiden binne foar in mooglik lânbouakkoart. Want hoe fierder wannear't de ûnderhannelings dochs neat opsmite soene? Wêrom stapt it kabinet dan net per definysje op? "Dat hinget derfan ôf wêrom't it oerlis dan klapt", fynt Adema. "Mar as it klapt, dan komme wy as kabinet sels mei útstellen. En dy binne dan minder geunstich foar de agraryske sektor dan wat der no op tafel leit."
'LTO boekt resultaat'
Adema sprekt syn wurdearring út foar bygelyks LTO, de grutste partij by de ûnderhannelingen. "Se boeke resultaat. Op guon tema's lizze der ek konsesjes op tafel dy't fierder gean as wat eins myn mandaat is út it regear wei."
Op dy mominten moat Adema net allinnich om tafel mei de agraryske sektor, mar ek mei it kabinet. "Oant no ta ha ik myn kollega-ministers, en ek premier Rutte, oertsjûgje kind om mei te gean yn de stappen dy't we oant no ta set ha."
De Lânbouminister fynt it, foar hiel Nederlân, wichtich dat it akkoart sletten wurdt
De Lânbouminister fynt it, los fan syn eigen rol, wichtich dat der aanst in akkoart leit mei de agraryske sektor. "It moat in nije start wêze tusken boeren en oerheid. In nij begjin foar de gearwurking tusken lânbou en polityk. It is tige wichtich dat der in fertsjinmodel foar boeren komt. Dat we se betelje foar natuerbehear en lânskipsbehear. Dat ek de ketenpartijen dêr oan meidogge. En dat we derfoar soargje dat der romte bliuwt foar lânbou yn ús lân, no en yn de takomst."
Ik ha op it punt stien om tsjin Gert-Jan Segers te sizzen dat ik in flater makke hie doe't ik 'ja' sei tsjin it ministerskip.
It binne foar Adema hektyske wiken. Neist de saneamde haadtafel, wêroan de ûnderhannelings mei de agraryske sektor plakhawwe, is Adema ek wykliks yn 'e slach mei syn kollega's fan de ministerried. Somtiden praat hy mei Sjaak van der Tak fan LTO, in oare kear sit er mei de supermerken. De iene kear giet dat telefoanysk, de oare kear binne it persoanlike moetings.
Twivel
Doe't hy noch mar krekt minister wurden wie, hat hy efkes twivele. "Doe't ik nei Den Haag gie, seach ik doe oeral dy omkearde flaggen. Je sjogge de tsjinstellings tusken boeren en polityk. Ik ha der doe wol wekker fan lein. Ik stie sels op it punt om partijlieder Gert-Jan Segers te beljen om te sizzen dat ik in flater makke hie doe't ik 'ja' sei tsjin it ministersskip."
Yntusken is hy alwer acht moanne minister. "It giet alle dagen troch. Telefoantsjes, stikken lêze, neam mar op. Ik bin de hiele wike yn Den Haag. Je libben stiet yn it teken fan lânbou."
Adema twivele nei syn beneaming ta minister oft it wol de goede kar west hie
Is it dan in foarm fan plichtsbesef dat hy it der allegear foar oerhat? "Ik bin kaam om de problemen op te lossen, net om perfoarst minister te wurden. Dat ha ik de ôfrûne tiid yn elts gefal besocht. We ha altyd poldere yn dit lân. Ik fyn it belangryk, ek foar Nederlân, dat we by de polarisaasje weikomme en wer mei-inoar yn petear kinne. Mei dêrby de fraach, kinne wy mekoar noch fine yn ôfspraken?"
'We sitte yn 'e finale'
"As ik no nei de opset fan it akkoart sjoch, dan soe it foar de lânbou in ferlies wêze as we der net útkomme", leit de minister út. "Want dan geane we werom nei wat it kabinet wol. Dat wol LTO ek net."
Adema tinkt ek dat it kin, sa seit er. De belangen binne gewoanwei te grut. "We sitte yn de finale. Foar ús is it in ôfwaging wat wy freegje fan de boeren. Dy balâns moat goed wêze. Ik wit wat ik berikke wol yn it akkoart, mar wy moatte ek perspektyf jaan. Klapt de boel? Dan steane wy wer tsjinoer inoar. Dan binne we net mear yn petear."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Joop Atsma.
Yn de ministerried moat Adema sa no en dan yn 'e slach mei de kollega's fan D66. Dy partij hat, fan de fjouwer koälysjepartijen, miskien wol de strangste easken oan de agraryske sektor. Dochs sjocht Adema dat oars.
"De ôfspraken dy't ik meitsje, meitsje ik ek út namme fan de ministers fan D66. Yn in koälysje hawwe je no ien kear fjouwer partijen mei fjouwer ynsichten. Mar ik fernim dat elkenien it wichtich fynt dat der in akkoart komt. It helpt bygelyks myn kollega Van der Wal (minister fan Stikstof, red.) ek as der in lânbouakkoart komt. Alle partijen ha der belang by dat it slagget."
En dus moat der de kommende wiken noch flink ûnderhannele wurde. "Woansdei besykje we wer stappen te setten. Dan sil der noch gjin akkoart lizze. Mar de kommende tiid moatte de grutste punten wol út it paad romme wêze."
