Wike fan de jierren 80: fiif bekende Friezen oer harren moaiste 80s-muzyk

© Omrop Fryslân
De hits, de oantinkens en it gefoel fan doe. Omrop Fryslân Radio stiet in wike lang yn it ramt fan de jierren 80. Wy fregen fiif ferneamde Friezen nei harren moaiste jierren 80-platen.
Harkje fan moandei oant en mei freed om 15.10 oere nei harren ferhalen.
Gurbe Douwstra © Omrop Fryslân
Trûbadoer Gurbe Douwstra hie yn de jierren 80 noch gjin ambysje om sjonger te wurden. Hy wurke by de Leeuwarder Courant en koe op syn 27e by Omrop Fryslân oan 'e gong. Syn earste show wie it jongereinprogramma Radio 18.
Oer syn favorite top 3 lit Gurbe ús noch efkes yn spanning, Do hearst it moandei om 15.10 oere yn 'Goeiemiddei' op Omrop Fryslân Radio.
Henk de Jong © Omrop Fryslân
Henk de Jong wie yn de jierren 80 net wei te slaan út de disko. Alle tongersdeis, freeds, sneon en bytiden ek noch op snein wie er op 'e dûnsflier te finen fan Jennifeu, Malibu of Champino yn syn wenplak Drachten. Wy kenne Henk no net as dûnser, mar as eardere fuotbaltrainer fan Cambuur.
Jij bent alles fan André Hazes en Pump up the jam fan it Belgyske Technotronic stean yn syn top 3. Wat der noch mear yn stiet, hearsto tiisdei om 15.10 oere yn it radioprogramma 'Goeiemiddei'.
Alice fan Maywood © Omrop Fryslân
Foar de Maywoodsuskes Aaltje en Doetje de Vries, alias Alice May en Caren Wood, út Top en Twel giene yn de jierren 80 de doarren fan de grutte showbizzwrâld iepen. Mei Rio en Late at night skoarden se grutte hits. Lêstneamde song kaam sels op nûmer 1 fan de hitlisten te stean.
We fregen Alice hokker plaat oft op nûmer 1 stiet yn har persoanlike top 3 fan jierren 80-muzyk. Dat is Another brick in the wall fan Pink Floyd. Op 2 hat se de muzyk fan Bonnie St. Claire te stean en op 3 Could you be loved fan Bob Marley & The Wailers.
Woansdei belje wy om 15.10 oere live yn de útstjoering fan it radioprogramma 'Goeiemiddei' mei Alice. En mega-Maywoodleafhawwer Klaas Sijbesma komt nei de studio.
Jannewietske de Vries © Omrop Fryslân
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân wie in tweintiger yn de jierren 80. Se studearre ûnderwiiskunde yn Utrecht. Lykas by in soad studinten begûn it stapperswykein ek foar har al op tongersdei. Mei har Sheena E-hier dûnse se yn de disko fan diergenêskunde. Dat gie doe net allegearre trochinoar, mar op in rychje.
Yn har top 3 stean Let's dance fan David Bowie, Owner of a lonely heart fan Yes en Purple Rain fan Prince. Tongersdei fertelt se der live op de radio mear oer.
Sipke Jan Bousema © Omrop Fryslân
It siet der al jong yn by Sipke Jan Bousema. Yn de jierren 80 wie er in jonkje dat yn Dokkum wenne en dat op syn alfde al nei Hilversum gie. As frijwilliger oan de gong by de NCRV. Doe't er 16 jier wie, krige er dêr in baan. Hy presintearre ûnder oare Z@ppelin en it Schooltv-weekjournaal.
De mediaman wennet no wer yn Fryslân. Wat syn moaiste jierren 80 muzyk is, kinsto freed hearre yn 'Goeiemiddei'.
Der bart folle mear yn de Wike fan de jierren 80. Op Omrop Fryslân Radio draaie we allinnich mar muzyk út de tiid fan 1980 oant 1990. We hawwe in kwis dêr't harkers begjinmuzykjes (tunes) fan telefyzjeprogramma's hearre en dan sizze moatte hokker programma oft is it.
It radioprogramma's 'No derfoar!' giet mei harkers werom yn de tiid oan 'e hân fan moetingen mei harren idoalen. En yn 'Goeiemiddei' omtinken foar wêr't minsken yn de jierren 80 mei dwaande wiene, lykas aerobics, de ferneamde, en foar guon frustrearjende, kubus fan Rubiks en de earste kompjûterspultsjes.
Hjir fynst it komplete oersjoch.