Wike fan de jierren '80

Fan moandei 16 septimber oant en mei snein 22 septimber, by Omrop Fryslân op de radio: De Wike fan de Jierren 80. Sân dagen lang allinnich mar de bêste muzyk út de jierren 1980-1989.

Dyn top 3
It moaie is: yn ferskate programma’s is romte foar dyn top 3! Op de radio hearst hoesto dyn top 3 mei dyn favorite platen út de jierren ’80 oan ús trochjaan kinst. Ferskate bekende Friezen diele mei ús ek harren favorite plaat én har oantinkens fan doe: de skoalle, de leafde, de earste baan, foar it earst nei in konsert, ensafuorthinne.

Mar der is mear!
Alle dagen is der yn (hast) alle programma’s de kwis ‘De stim fan doe’. Do krijst in lûdsfragmint te hearren fan in bekende persoan dy’t yn de jierren ’80 faak te hearren wie op radio as telefyzje. En wa’t wit hokker persoan wy hearre litte, makket kâns op de prizen: it boek ‘mijn eerste 18 jaar’, in unyk album mei de grutste 80’s hits op orizjineel finyl.

Meiride mei de auto fan de jierren ’80: de Opel Kadett
En der is mear te winnen: op snein 22 septimber meitsje wy in rit mei in auto dy’t yn it Fryske strjitbyld fan de jierren ’80 net fuort te tinken is: de Opel Kadett. Tusken 1979 en 1984 rôlen fan it model Kadett D 2,1 miljoen eksimplaren út it fabryk. De opfolger, de Kadett E wie sels noch in grutter sukses mei 3.779.289 eksimplaren en de titel ‘Auto fan it jier 1984’. Wy folgje de rit mei de Kadett sneintemiddei op radio en telefyzje, mar... ien harker kin mei. Wolsto dy unike rit fan tichtby meimeitsje en dyn oantinkens mei ús diele? Stim yn de wike fan de jierren ’80 ôf op Omrop Fryslân en hear hoesto kâns makkest op dy bysûndere ûnderfining.

De film van Ome Willem, Stuif es in, Soundmixshow, Showbizzquiz en Klassewerk
Mear as 6 miljoen Nederlanders seagen yn 1988 nei de finale fan de Soundmixshow fan presintator Henny Huisman. Foar it earst yn de skiednis wie it foar de sjoggers mooglik om mei te stimmen troch te beljen nei in spesjaal nûmer. Op it stuit dat de telefoanlinen iepensteld waarden, woene mear as in miljoen minsken tagelyk telefoanysk stimme. Dêr wiene de sintrales net op berekkene en it netwurk gong plat en de problemen soene de hiele jûn oanhâlde. It jout wol oan hoe populêr telefyzjeshows en kwissen wiene yn de jierren ’80. Yn it radioprogramma Goeiemiddei helje wy oantinkens op oan ferneamde televyzjeprogramma’s fan doe, mei de presintatoaren fan doe. Wy prate net allinnich mei Henny Huisman fan de Soundmixshow, mar ek mei Edwin Rutten oer it jeugdprogramma ‘de film van Ome Willem’, mei âld Ljouwerter Ria Bremer oer Stuif es in en Ron Brandsteder oer de Showbizzquiz. Wat makke dy programma’s sa populêr? En ek wichtich: hasto sels ek meidien oan dy programma’s? Dy kâns is wis ek oanwêzich by it lêste programma dêr’t it yn dizze wike oer giet: Klassewerk mei Hans van Willigenburg. Yn dat programma striden skoallen tsjin elkoar en ek ferskate Fryske skoallen diene mei.

It wykein
Ek de programma’s yn it wykein dogge mei oan de wike fan de jierren ‘80, lykas Op en Ut, Buro de Vries en Sneon yn Fryslân. Op sneintemiddei is der fan 13-18 in hiel spesjaal programma, mei de titel ‘De Toplist fan de jierren ‘80’. Hjir wurdt de list mei de alderbêste muzyk út de jierren ’80 presintearre, gearstald mei help fan dyn ynstjoerde top 3.

Stim ôf op Omrop Fryslan, mei de wike fan de jierren ’80, de hits, de oantinkens en it gefoel fan doe.