It libbensferhaal fan Jan Ploeg: "Ik gie wat nayf de polityk yn"
"As ûndernimmer gie ik wol wat nayf de polityk yn", erkent Jan Ploeg (75). "Ik soe fan alles, mar fersinde my yn it tempo fan de polityk en it iepenbier bestjoer. Dêr giet it traach, traach, traach..."
Foardat Jan Ploeg yn 2002 de provinsjale politike arena yn stapte, hie er al ûnderfining yn bedriuwen as Philips en Theodorus Niemeijer en makke er diel út fan de direksje fan de Van den Brug-autogroep. "Dêr koene je flot trochpakke."
Jan Ploeg (1948) wie fan 2002 oant 2007 deputearre foar it CDA. Dêrnei wie er ûnder oare foarsitter fan de BOVAG.
Jan Ploeg waard yn 1948 berne yn De Bilt by Utrecht. Syn heit wie dêr nei de oarloch telâne kaam as plysje-adminstrateur op it gemeentehûs.
Om't syn mem in heupôfwiking hie en 'mank rûn', moast se geregeld lang fan hûs foar bygelyks operaasjes of revalidaasje yn Beetstersweach. Gefolch wie dat de bern faak útfanhûs moasten by de famylje en dêr dus ek foar in part opgroeiden.
Lytse Jan wie dus geregeld yn Bûtenpost, by de wat deftige Oma Ploeg, mar ek by de ûndernimmende famylje Dijkstra dy't yn it doarp in brânstof- en foeraazjehannel hie.
"Dat wie geweldich avontuerlik! Altyd wie der wat te belibjen of te boartsjen op de souder fan de opslachloadsen of yn it ûnderdûkershol yn it wenhûs."
Thús
Thús wie nea in fêst honk, ek om't heit fanwegen fakbûnswurk in soad fuort wie. De famyljes Ploeg, Dijkstra en Pilat yn de regio Bûtenpost/Surhústerfean wiene dat wol.
"Eins wie dat it bêste wat my oerkomme koe, mei al dy neefkes en nichten. Ik wit dat myn suster it der wol dreech mei hie om altyd mar wer 'útbestege' te wurden, mar ik dêr gjin lêst fan. Hoewol't ik soms oerkom as resolút en ambisjeus, bin ik betiden bûtengewoan sentimenteel. Ik fyn it moai as jo earne by hearre."
De tsjerke spile yn dy jierren ek in wichtige rol. "Oma Ploeg hie yn Bûtenpost in eigen bank yn de grifformearde tsjerke, mar dêr siet ik leaver net. Je sieten dan tusken de âlde wyfkes en foar elk yn 't sicht."
"Leaver siet ik tusken de famylje fan memmes kant, op de kreake. Mei it moaie oargel en it massale sjongen fan psalmen en gesangen, fûn ik it dêr fantastysk."
Yn de rin fan de jierren is de geregelde tsjerkegong der wol wat út gien, ek by Jan Ploeg sels, "Mar it leauwen is wol altyd bleaun. Al stiet soks no fansels yn in oare kontekst."
De earste 20 jier nei de oarloch stiene yn it ramt fan de weropbou yn in ferpyldere (verzuilde) mienskip. "Yn de jierren 70 begûn dat te feroarjen", konstatearret Ploeg.
Leaver nei dit ferhaal harkje? Dat kin! René Koster makke dizze audio-dokumintêre
Jan Ploeg is grutbrocht mei it aksint op in grut ferantwurdlikheidsgefoel, it ynsetten foar de minsken om jo hinne en foar de mienskip, mar ek op it toanen fan persoanlike ambysje. Sa gie Jan nei in ekonomyske oplieding oan de HEAO en in karriére yn it leger (reserve-officier) yn it bedriuwslibben oan de slach.
Fia syn frou kaam er lang om let by it autobedriuw fan de famylje Van den Brug. "In automan wie ik net en dat bin ik no - earlik sein - noch net, mar de branche is fassinearjend."
Troch syn wurk kaam er nasjonaal en ynternasjonaal yn allerhande bestjoeren fan dealers en garaazjebedriuwen lykas de BOVAG en de Northatlantic Dealer Assosiation.
Skaalfergrutting
De Van den Brug-groep - dy't fan't jier 100 jier bestiet - ûntwikkele him ek hieltyd fierder oan de Lange West yn Drachten. De hiele strjitte is dêr no praktysk yn hannen fan Van den Brug-bedriuwen.
"De skaalfergrutting hat oeral bot taslein, mar seker ek yn de autobranche", seit Ploeg: "Doe 't ik begûn wiene der 221 VW- en Audi-dealers, no binne it noch 20. En noch mar fiif dêrfan binne echte famyljebedriuwen. Van den Brug is dêr ien fan."
Yn de polityk
Yn 2002 ferlit Jan Ploeg it bedriuw om foar it CDA deputearre yn Fryslân te wurden. Dat wie opmerklik, want in stap fan bedriuwslibben nei polityk en iepenbier bestjoer waard net faak makke.
"Ik wie yn it bedriuwslibben suksesfol wurden mei targets, jierplannen en doelstellingen, en ik tocht dy ûnderfining mei te nimmen nei de polityk. Efterôf wie dat wol wat in naïve ynstek."
"Jo fersinne jo yn it tempo en kompleksiteit. Elkenien wol der dêr wat fan fine: steateleden, kommisjes ensafuorthinne. Dat liedt allinnich mar ôf."
Dochs sjocht Ploeg mei nocht werom op dy perioade. It wie prachtich, en ik hie in moaie portefúlje mei Soarch en benamme Finânsjen. Fanút it idee dat jild wurkje moat, ha we de NUON-miljarden frijmakke. Dêrtroch wie der in soad mooglik."
Boargemaster
"Dêrnei koe ik in pear kear as interim-boargemaster oan de slach gean, mar oan soks ha ik gjin aardichheid", fertelt Ploeg. Boppedat moast ik doe in belofte oan myn freon Jack Schueler neikomme.
Schueler wie bûnsfoarsitter fan de BOVAG en ik hie in soad mei him gearwurke. Doe't er wist dat er fanwege in sykte net lang mear te libjen hie, ha 'k him tasein om it wurk dat we mei-inoar opset hiene ôf te meitsjen.
Yn 2007 waard Jan Ploeg BOVAG-foarsitter. Hy hie him net mear beskikber steld foar it nije politike pearioade. Nei de BOVAG folgen funksjes yn oare organisaasjes lyksas VNO/NCW en meardere kommisariaten.
CDA
Doe't er ôfskied naam hie fan de polityk hat Ploeg him dêr earst in jier of tsien stil oer holden. Mar benammen yn de lêste jierren lit er polityk sjoen wer fan him hearre.
"Ik doch dat omdat ik tink dat it de ferkearde kant opgiet. As jo de fyzje, de misje en de útgongspunten ynruilje foar de waan fan de dei, wat is dan noch jo ûnderskiedend fermogen?"
"Ik hie graach sjoen dat Pieter Omtzigt wer by ús kaam wie, mar no't der in nije partijlieder is (Bontenbal) moatte we ús dêr as partij wer folslein efter opstelle", stelt Ploeg.
Ploeg fynt noch fan alles en kin syn stânpunten mei grutte stellichheid nei foaren bringe. Oan de oare kant wit er dat ek wer te relativearjen: "Jo moatte wol sjen hoe't it is. Hjir stiet lytse Jan Ploeg yn dy ûnmjitlike wrâld dêr't fan alles yn bart. We tinke dat we der kontrôle oer ha, mar dat is net sa. Nul komme nul."
"We kinne fan alles wol miene dat we it regelje kinne - dêr meitsje ik mysels ek skuldich oan - mar as it derop oankomt ha we gewoan in protte gelok nedich..."