Grutte brân op in Waadeilân: sa giet de brânwacht te wurk
De grutte brân dy't tiisdei op Flylân útbruts, ropt fragen op oer de wurkwize fan brânwachten op Fryske eilannen. Hoefolle binne dêr oanwêzich, en wannear hawwe sy help nedich fan it fêste lân?
In tal wenningen yn it appartemintekompleks Eureka gie tiisdei yn flammen op. De bestriding fan de brân op Flylân joech in ynsjoch yn de wize fan wurkjen by sa'n ynsidint. Der wie in brânwachtteam, en der kamen twa busploegen en in heechwurker oerfearn fan de fêste wâl.
Loftmacht
De help fan de Luchtmacht waard ek ynskeakele. Om't dy dêr stasjonearre is, makket Flylân as iennige eilân gebrûk fan dy ekstra help. De Loftmacht sette tiisdei fjouwer persoanen yn, ferdield oer twa weinen.
"Vlieland heeft geluk met de Luchtmacht", seit Jan Kees Toxopeus, wurdfierder fan Brandweer Fryslân. "Daar hebben we in dergelijke situaties contact mee. Bijvoorbeeld om te kijken hoeveel auto's er worden ingezet."
Bij een grote brand worden er blusploegen opgeroepen uit Witmarsum en Menaam. Dit werkt zo bij alle Friese eilanden.
Flylân hat genôch brânwachtauto's, mar net foldwaande personiel om in grutte brân te bestriden. "Bij een grote brand worden er daarom blusploegen opgeroepen uit Witmarsum en Menaldum. Dit werkt ook zo bij de andere Friese eilanden."
De brânwacht makke by it appartemintekompleks op Flylân ek gebrûk fan in heechwurker. Dy kaam út Harns.
Krekt as op Skylge, It Amelân en Skiermûntseach, is in heechwurker op Flylân net oanwêzich. Dat is omdat der op de eilannen praktysk gjin heechbou is. Der binne yn Fryslân seis heechwurkers. Yn gefal fan brân wurdt deselde dy't it tichtste by is oerfearn.
As der brân is, komt de melding binnen by de meldkeamer yn Drachten. Dêr drukt ien op de knop en wurdt de earstfolgjende ienheid oproppen. By de Waadeilannen is it logistike diel de grutste útdaging, seit Toxopeus. "Je hebt met water te maken. Dus hoe krijg je daar zo snel mogelijk voldoende brandweermannen en materiaal? Zo'n aanloopfase is altijd hectisch."
De eilannen wurkje mei in tabel fia de kazerne. Yn earste ynstânsje wurdt der in brânauto ynset. Of it moat om in grutte brân gean. "Dan wordt automatisch Witmarsum ingeschakeld." Dat wie tiisdei dus it gefal.
De grutte brân yn it appartemintekompleks op Flylân hat foar in soad skea soarge
Op in eilân spylje oare saken in rol as op it fêstelân. Tink dêrby oan in omjouwing mei in soad bosk en toeristen dy't opfongen wurde moatte. By in GRIP 1-situaasje, dêr't in gearwurking by is tusken helptsjinsten, is in strakke koördinaasje fereaske, seit Toxopeus.
KNRM en Rederij Doeksen
"Er komt een blusploeg en een geneeskundige dienst. De coördinatie wordt opgezet met de gemeente en de veerdienst. Er komen dan zaken aan bod zoals de bluscapaciteit, en of er extra personeel overgevaren moet worden." De KNRM en Rederij Doeksen bûge har oer lêstneamde. Krekt as oer de toeriste-opfang.
It ferskilt per eilân hoefolle brânwachtposten oft der binne en watfoar materieel der beskikber is. Flylân en Skiermûntseach hawwe ien kazerne, Skylge en It Amelân twa.
Materieel op Fryske eilannen
| Flylân | Skylge | It Amelân | Skiermûntseach | |
| Tal kazernes | 1 | 2 | 2 | 1 |
| Brânwachtauto's | 1 | 2 | 2 | 1 |
| MSA (grutte pomp mei in grut fermogen) | 2 | 2 | 2 | 1 |
| Autospuit (brânwachtauto dy't allinnich ynset wurdt by bluswurk) | 1 | 0 | 0 | 1 |
It Amelân hat noch in spesjalistyske wein: de CCFM (Frânske ôfkoarting foar Camion Citerne Feux de Forêt Moyen). Dat is in boskbestridingswein mei medium tankkapasiteit. Dy wein komt aanst ek op de oare eilannen, plus op in tal plakken oan fêste wâl.
Klimaatferoaring
Ek stipt Toxopeus de klimaatferoaring oan. Dy kin ta gefolch hawwe dat der earder in brân ûntstiet yn Fryslân. Dus ek op de Waadeilannen. De brânwacht sjocht hoe't Steatsboskbehear dêr ynfloed op hawwe kin mei beplanting. Dy kin derfoar soargje dat natuerbrannen foarkaam wurde.
"Want de kans daarop is groter op een eiland. En dan heb je nog de waterwinning", seit Toxopeus. "Kunnen we iets op campings regelen ter voorbereiding, om zo branden te voorkomen? We zijn de laatste jaren daarom extra bezig met risicogebieden op de eilanden."