Jaco de Groot yn nij skânsrekôr nei winst yn Nasjonale Fierljep Manifestaasje
Jaco de Groot hat de 35ste edysje fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM) yn It Heidenskip wûn by de manlju. Hy kaam ta in ôfstân fan 21,72 meter, in nij skânsrekôr. By de froulju gie de oerwinning nei Suzanne Mulder (16,02 meter).
De Groot kaam yn de manljusfinale trije kear oer de 21 meter hinne. Yn Fryslân wie der dit seizoen noch net sa fier sprongen. Bauke de Jong kaam ta in persoanlik rekôr: 20,99 meter en pakte dêrmei it twadde plak. Reinier Overbeek makke it poadium kompleet mei 20,15 meter.
Sjoch hjir nei de winnende sprongen yn alle kategoryen:
Winnende sprong by de manlju
By de froulju pleatsten grutte favoriten as Marrit van der Wal, Hanneke Westert en Wendy Helmes harren net foar de finale. Suzanne Mulder koe dêrfan profitearje. Yn har lêste sprong kaam se ta 16,02 meter. Trije sintimeter fierder as de 15,99 fan Tessa Kramer. Tredde wie Sigrid Bokma (15,69 meter).
Terpstra komt krekt tekoart
De titel by de junioaren wie foar Mark van der Horst. Mei syn 19,85 meter bleau hy krekt Germ Terpstra foar (19,66 meter). Rutger Haanstra waard tredde mei 19,57 meter.
Sjoch hjir nei de reaksjes fan de winners:
Jaco de Groot kombinearre fierljeppen mei it leauwen
De titel by de jonges gie nei Timo van der Knaap (17,39 meter). Ferran Houdijk (17,02 meter) en Djurre de Jong (16,75 meter) makken it poadium kompleet.
Mei 14,54 meter wie Noa de Boer de bêste yn de famkeskategory. Sy fersloech de ferrassende Yrsa Maats (13,95 meter, pr). Yenthe van Kammen (13,94 meter) einige op it tredde plak.
De wedstriid stie eins foar sneon op it programma, mar troch it minne waar koe de kwalifikaasje doe net ôfmakke wurde. Snein slagge dat wol. De finalen kamen der fuort efteroan.