It 'min-waar-draaiboek' fan de PC wie in geskikt needsenario, seit de foarsitter

It bestjoer fan de PC yn Frjentsjer hâldt it 'min-waar-draaiboek' fan ôfrûne woansdei foar it gripen, yn gefal fan ekstreme waarsomstannichheden yn de takomst. Dat seit foarsitter Ids Hellinga.
De 170ste PC fan ôfrûne woansdei waard in bysûndere edysje. Der wie in soad rein foarsein, mooglik mei tonger en hagel. Dêrom naam it bestjoer tiisdei it beslút om net moarns betiid, mar pas om 12.00 oere útein te setten. Fierder waard in part fan de partijen ferpleatst nei fjilden oan de Hertog van Saxenlaan.

It binne drastyske maatregels, mar neffens foarsitter Hellinga wie der gjin oare kar. "Twa dingen spilen in rol. As earste de tonger: as je dêr net in oplossing foar fine, dan krije je net iens tastimming om de partij trochgean te litten. Dêr is oerlis oer mei de feilichheidsregio en de boargemaster."
As twadde de kondysje fan it fjild, seit Hellinga. "Dêr wie yn de ôfrûne wiken al in soad rein op fallen. Wy hawwe woansdei by de earste omloop ek sjen kinnen dat de kondysje fan it fjild hurd tebekrûn."

It minne waar wie wol in goed testcase: Hellinga seit dat it ûnderfining opsmiten hat. "Wy moasten no yn in heale dei in soad op poaten sette. Dat is slagge, dêr kinne wy yn de takomst wer gebrûk fan meitsje."
Faker waarsekstremen
It 'min-waar-draaiboek' fan de edysje fan 2023 bliuwt dêrom foar it gripen lizzen. "Ik tink it wol", seit Hellinga. "Want ja, it waar wurdt ek ekstremer. It is noch mar yn 2019 dat wy it fjild ûntromje moasten. Dus dit kin wolris faker op ús ta komme."
Fjouwer jier lyn waard de keatswedstriid stillein fanwegen tonger en hurde wyn. De tribunen waarden foar it earst yn de lange skiednis fan it evenemint ûntromme. It stillizzen barde ek al ris yn 2010.
Sjûkelân is it moaiste poadium
Mar hy seit ek: "Leaver litte wy dit draaiboek yn 'e kast: je wolle foar de keatsers dat sy op it moaiste poadium spylje kinne. Dat is no ienkear it Sjûkelân. Dit is net in opsje dêr't wy gelokkich fan wurde, allinne dit wie de iennige mooglikheid om it trochgean te litten."

Alle 15 partijen op it Sjûkelân, dat hie mei de omstannichheden fan woansdei gewoan net kinnen. "De tonger hat der net west, dêr binne wy bliid om. Mar as dêr kâns op is, moatte je yn 't foar wol in beslút nimme."
En sa'n beslút kinne je ek net mear weromdraaie, jout Hellinga oan. "Je kinne net moarns noch sizze dochs wer earder útein te setten."
Der wiene keatsers dy't seine: wêrom stelle jimme it net in dei út. Mar dat kin gewoan net.
Dat jildt ek foar de datum: de fiifde woansdei fan july bliuwt hillich foar de PC. "Der wiene keatsers dy't seine: wêrom stelle jimme it net in dei út. Mar dat kin gewoan net", seit Hellinga resolút.
It hat ek mei alles om it evenemint hinne te krijen. "Ast sjochst hoefolle minsken fan helptsjinsten der frijmakke binne foar dy iene dei. Dy lju binne net op in oare dei beskikber. Itselde jildt foar befeiligers en al it oare dat der by sjen komt. Dêr is it evenemint gewoan te grut foar. In merkepartij kinst in dei útstelle, mar dat kin by de PC echt net."
"Teloarstelde keatser"
Net eltsenien wie bliid mei de karren fan it bestjoer. Fan de kant fan de keatsers kaam der krityk fan Gert-Anne van der Bos, dy't flink baalde. "Ik fyn it spitich dat it op de fuotbalfjilden keatst wurdt. Ik hie it ek wol op freed dwaan wollen", sa joech hy oan.
Hellinga is dêr lykwols dúdlik oer: "Dy útspraken binne fan in teloarstelde keatser dy't ferlern hat. Dy beide manlju hawwe wolris earder in earste omloop ferlern fan de tsjinstanners, ek op it Sjûkelân."

Fan it publyk kaam net in soad krityk. "Wy hearden just fan minsken dat se in soad respekt hawwe foar de wize wêrop't wy it oplost hawwe. Sy binne bliid dat sa dochs de PC trochgean koe."
"Fan de 15 hawwe wy der 8 keatst op it Sjûkelân en mei tank oan de Omrop koene wy ek noch de oare partijen op it oare fjild yn byld bringe. Dus ik tink dat wy it publyk sa goed as mooglik yn 'e mjitte kaam binne."