Undersyk nei effekt fan hjitteweagen op it Waadlibben krijt 280.000 euro
In ûndersyk nei de gefolgen fan hjitteweagen op it libben yn de Waadsee wurdt mei 280.000 euro stipe. Undersiker Oscar Franken hopet dat syn ûndersyk hjirmei in flinke triuw yn 'e rêch krijt.
Franken is ferbûn oan Rijksuniversiteit Groningen en NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee). Mei de beurs kin hy de kommende trije jier fierder mei it ûndersyk.
Mear en ferheftiger hjitteweagen kinne in sterk effekt hawwe yn ûndjippe seeën. Foaral op plakken dy't mei eb drûchfalle, kin de temperatuer bot tanimme. Dat makket dat libben op dat plak in gruttere kâns hat om dea te gean.
Antisipearje op klimaatferoaring
Franken brûkt gegevens oer it tal soarten yn de Waadsee om te testen oft it boaiemlibben feroaret by in hjitteweach. Mear kennis is neffens him fan belang om better ynspylje te kinnen op klimaatferoaring.
"Het effect van deze hittegolven op het functioneren van het Wadden ecosysteem is nog grotendeels onbekend, en dit onderzoek kan daar een belangrijke bijdrage in leveren", seit Franken.
De 280.000 euro is takend troch de NWO (Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek), in selsstannich orgaan dat wol wetlike taken hat en ûnder de ferantwurdlikens fan it ministearje fan Wittenskip falt. It giet om in Veni-beurs, ûnderdiel fan it NWO-Talentprogramma.