It Waadfûns stekt 5 miljoen euro yn twa natuerprojekten op it Waad

Theunis Piersma © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Waadfûns stekt 5,2 miljoen euro yn twa natuerprojekten op en by it Waad. Dat is bekend makke by Swarte Haan. It giet om de projekten Waakvogels en Wij en Wadvogels.
Der is 2,2 miljoen euro beskikber foar it projekt Waakvogels, fan trekekolooch en heechlearaar Theunis Piersma fan ûndersyksgroep Birdeyes yn Ljouwert. Fierder giet der trije miljoen euro nei it projekt Wij en Wadvogels fan Vogelbescherming Nederland. Mar at je de begruttings fan beide projekten by elkoar optelle, giet der 27 miljoen euro nei de Waadnatuer.
Piersma: "Yn Waakvogels sette wy troch mei in idee dêr't wy al hiel lang mei oan 'e gong binne. Dat is om de fûgels fan it iepen, wiete Waad it ferhaal fan de Waadsee fertelle te litten."
Miljoenen foar twa natuerprojekten op it Waad
Dat giet net fansels, fertelt Piersma. "Dat ferhaal moatte je de fûgels 'ûntfotselje'. Dan moatst goed sjen. Moatst se folgje, moatst se telle, moatst sjen hoe't it mei de oerlibbing en de fersprieding giet."

Mear fûgels mei stjoerderkes

Foar beide projekten jildt dat sy profitearre kinne fan in útwreiding fan Watlas. Dat stiet foar Wadden Sea Advanced Tracking and Localisation of Animals.
It giet om in projekt fan it NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee) wêrby't fiif soarten Waadfûgels stjoerderkes meikrije, yn kombinaasje mei in ûntfanger op it Waad.
Je kinne yndividuele fûgels dan live folgje. Dat kin al yn it westlike part fan it Waad, mar giet no ek nei it eastlike Waad ta. Troch hiele lytse stjoerderkes te brûken, kinne je dat ek by relatyf lytse fûgels dwaan lykas de mients.

Fûgels ferriede hoe't it Waad feroaret

Oare soarten binne bygelyks de reade skries, de swartbúkrotgoes en de leppelbek. Ien konstante yn it wurk fan Piersma is dat hy de trekfûgels brûkt om ynformaasje te garjen oer it gebiet dêr't de fûgels fan ôfhinklik binne. Dat is hjir ek sa. Hoe't it Waad feroaret, ferriede de fûgels wol.
In jonge mients by de Suderpier fan Harns © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Eins is dit in ferfolch fan in earder projekt fan Piersma mei de namme Metawad. "Dat wie itselde ferhaal en eins it trochbouwen op alles wat sammele is oan gegevens út de Waadsee troch amateurbiologen, mar ek wol berops. Dat brûkten wy as basis om it lange ferhaal te fertellen, om't de wrâld hieltyd feroaret."
Piersma fettet it sa gear: "Moast weromsjen kinne om ek yn de takomst sjen te kinnen." Mar trochdat der gjin jild mear foar frijmakke waard, hat Metawad eins al sân jier stillein.

Skiednis

Dat it Waadfûns no mei jild komt, is mei it each op de skiednis fan it fûns wol bysûnder. It is der ea kaam nei it beslút om gaswinning ûnder it Waad ta te stean om de Waadnatuer te werstellen. Piersma syn ûndersyk wie dêrby hiel wichtich.
Projektlieder Ingrid Aaldijk fan Vogelbescherming Nederland © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Wij en Wadvogels is in besteand projekt fan Vogelbescherming Nederland dat benammen yn de publisiteit kaam mei it stribjen om it heechwetterflechtplak foar fûgels op De Westhoek sa yn te rjochtsjen dat minsken derfan genietsje kinne en fûgels der gjin lêst fan hawwe. Ek in grutskalich projekt op Skiermûntseach krige omtinken.
Mar no wolle sy fierder mei faze twa, seit projektlieder Ingrid Aaldijk fan de Vogelbescherming: "We zijn ontzettend blij met de bijdrage van het Waddenfonds want het is heel hard nodig dat er een tweede fase komt van Wij en Wadvogels, omdat de Wadvogels het ontzettend zwaar hebben."

Hegewiersterfjild

Yn totaal is Vogelbescherming Nederland mei dit projekt op 13 lokaasjes aktyf, likegoed op de fêstewâl as op de Waadeilannen.
In nije útsjochtoer by it Hegewiersterfjild tusken Kimswert en Harns dy't earder dit jier iepene is © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Ien fan de projekten is de útwreiding fan it Hegewiersterfjild by Kimswert en Harns, mei ûnder oare in heger peil om de briedende fûgels dêr mear romte en beskerming te jaan. De ferwachting is dat oare partijen no ek oanslúte sille wêrtroch de 27 miljoen euro yn sicht komt foar de Waadnatuer.