Deade en 22 ferwûnen by grutte brân op frachtskip boppe It Amelân

© Persbureau Meter
By de grutte brân op in frachtskip boppe It Amelân fannacht is ien bemanningslid om it libben kaam. De 22 oare bemanningsleden rekken ferwûne.
Guon binne fan board sprongen en út it wetter helle troch skippen. Oaren binne mei helikopters fan de boat ôf helle. Alle bemanningsleden binne fan it skip ôf helle.
Brân op de Fremantle Highway boppe It Amelân © Kustwacht
De Fremantle Highway, dat sa'n tritich kilometer boppe de kust fan It Amelân leit, wie ûnderweis fan Bremerhaven (Dútslân) nei Port Said (Egypte). It Panameeske skip ferfiert sa'n 3.000 auto's, wêrfan ûngefear 25 elektryske. "Het vermoeden is dat de brand is uitgebroken in een elektrische auto", seit de Kustwacht.
It kin noch wol dagen of wiken duorje foardat de brân út is. By it blussen wurdt foarkaam dat it wetter op it skip telâne komt, want dat kin derfoar soargje dat it sinkt. Doel is om de bûtenkant fan it skip ôf te kuoljen.
We proberen ook te voorkomen dat het schip zinkt, maar het maakt nu al flink slagzij.
Wurdfierder fan de Kustwacht
Omdat de brân sa grut is, is besletten om gjin brânwachtlju oan board te setten. Besocht wurdt om it fjoer fan see ôf mei blusboaten te bestriden en it skip te kuoljen. "We proberen ook te voorkomen dat het schip zinkt, maar het maakt nu al flink slagzij", seit de wurdfierder fan de Kustwacht.
Reddingswurker: "Ze zaten als ratten in de val"
By de rêdingsoperaasje binne ek rêdingsboaten fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) fan It Amelân en Skiermûntseach ynset. Ek oare skippen dy't yn de buert wienen, ha help ferliend en minsken oppakt dy't fan board sprongen wienen.
Dit wie de rûte dy't it frachtskip ôflei foardat der brân útbruts:
© MarineTraffic.com