Liveblog | 26 july 2023

Kustwacht: Brân op frachtskip kin noch wol dagen duorje

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste nijs oer it brânende frachtskip boppe It Amelân.

  • Boppe It Amelân is fannacht brân ûntstien op it frachtskip Fremantle Highway
  • Dêrby is ien bemanningslid om it libben kaam, de 22 oaren rekken ferwûne
  • It skip ferfiert sa'n 3.000 auto's, wêrfan ûngefear 25 elektryske
Lêst bywurke: 26 july 2023, 22:49
22:49

Ein fan dit liveblog

Foar hjoed is dit de ein fan it liveblog. It frachtskip stiet noch altyd yn de brân en leit op dit stuit noardlik fan Skylge. De kustwacht hat sein dat it skip mooglik noch dagen oant wiken brâne kin.
Fansels hâlde wy de situaasje yn de gaten. Moarn binne updates wer op ús webside te lêzen.
21:57

Ambassade fan Yndia "djip bedroefd"

De ambassade seit ek yn kontakt te wêzen mei de oare ferwûne bemanningsleden. Dy soene feilich wêze en medyske behanneling krije.
20:08

Brânend skip leit no boppe Skylge

Neffens Marinetraffic, in platfoarm dat de posysje fan skippen folget, is de posysje fan it frachtskip de Fremantle Highway wat nei it westen ta ferskood.
It skip leit no noardlik fan Skylge.
18:58

Waadferiening: skip moat sa fier mooglik fan Waadsee weisleept wurde

Om de ympakt op de Waadsee sa lyts as mooglik te hâlden moat it frachtskip boppe It Amelân safier mooglik fan de Waadsee ôf sleept wurde. Dat seit de Waadferiening: "Rijkswaterstaat maakte daarvoor een ecologische weging om een mogelijke impact zo klein mogelijk te houden."
Neffens de feriening is der ek risiko op ympakt op de Noardsee mar soene de gefolgen dêrfoar lytser wêze.
Op dit stuit kin it skip lykwols noch net fersleept wurde, in ekstra line dy't dêrfoar nedich is, kin troch de hjitte fan de brân net fêstmakke wurde.
As it skip ferpleatst wurdt, sil dat rjochting it Noarden fan de Noardlike farrûte wêze. It krekte plak moat noch troch ekologen fan Rykswettersteat bepaald wurde.
17:42

Kustwacht: sjen wannear't ien oan board kin

It bestriden fan de brân oan board fan de Fremantle Highway is in drege put seit Kustwachtwurdfierder Denise Blok: "We kunnen het schip niet volpompen met water. Dat brengt stabiliteitsrisico's met zich mee. Daarom koelen wij het schip nu met zeewater."
Dat bart al sûnt de earste skippen te plak wienen. It is net dúdlik wat it resultaat dêrfan is seit Blok: "Dat is lastig te zien. Om de brand te blussen moet je mensen aan boord zetten. Dat moet wel veilig kunnen. We zijn nu aan het bekijken wat de risico's zijn en hoe het ervoor staat op het schip."
De Kustwacht hâldt der rekken mei dat it noch wol wiken duorje kin foar't de brân op de Fremantle Highway oer is. "Dat is een scenario waar we rekening mee houden", seit Blok. "We werken op dit moment samen met de bergers en Rijkswaterstaat aan een plan om de brand te bestrijden."
17:36

In oersjoch fan de dei oant no ta

Oersjoch: dit is oant no ta bekend oer de skipsbrân