Simmer yn Fryslân: sjoch hjir wat der de kommende tiid yn ús provinsje te dwaan is

It is Simmer yn Fryslân! Dat betsjut dat rûnom yn de provinsje fan alles te dwaan is: fan festivals oant ballonfeesten. Wy hâlde dy op al ús kanalen op de hichte.
Der is simmers genôch te belibjen yn Fryslân, ús provinsje feroaret yn dizze perioade yn ien grut festival. Oftst no rêst of just drokte sikest, foar elk sit der wat by. By ús folgest fia radio, telefyzje, webside en sosjale media-kanalen it lêste nijs oer it skûtsjesilen en de PC, mar ek oare eveneminten hawwe in plakje op ús aginda.
Dizze timetable jout in oersjoch fan de eveneminten dy't ferspraat troch de provinsje organisearre wurde:
Op dizze dagen is Omrop Fryslân derby! Do ek?
Evenemint | Datum |
Ko-krûpdei | Sneon 22 july |
Boerenmarkt yn Wâldsein | Tongersdei 27 july |
Ballonfeesten op De Jouwer | Sneon 29 july |
PC yn Frjentsjer | Woansdei 2 augustus |
Veenhoop Festival | Snein 6 augustus |
Snitswike: Rubberboatrace | Moandei 7 augustus |
SKS Lemster wike | Woansdei 16 augustus |
Dodo Festival yn Bakkefean | Freed 25 augustus |
Trekkertrek yn Aldemardum | Sneon 26 augustus |
Fiskerijdagen yn Harns | Tongersdei 31 augustus |
Wolst mear witte? Op de Simmer yn Fryslân-side fynst de lêste updates, berjochten en kinst alfêst foarútsjen yn de aginda.