Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Seis wiken lang, fan 18 july oant en mei 26 augustus, giet Omrop Fryslân del by ferskate doarpen en plakken. Wy strikke del om te sjen hoe’t dêr is, wa’t der wenje, wat er spilet en libbet. We besykje dizze plakken te besjen troch de eagen fan de bewenners. Wat bart der yn de simmer? Is it dit jier in bysûndere simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of stêd?
Alle dagen is Omrop Fryslân hjirmei live op radio en social media, út in doarp of stêd wei. Dit binne de plakken dêr't Omrop Fryslân nei ta sil: