Keatsmuseum Frjentsjer siket persoan achter skilderij fan keatsbal
Keatsmuseum siket eigener fan in skilder
It keatsmuseum yn Frjentsjer is op 'e siik nei it ferhaal achter in skilderij dat it museum krigen hat fan keunstskilder Henk Mulder út Holten yn Oerisel.
By it opromjen fan syn atelier fûn de skilder it doek dy't hy sa'n 20 jier lyn makke hat foar in jonge keatser. De namme fan dizze persoan kin de skilder net mear heuge, mar it gong om in jonge fan sa'n 16 jier âld. It keatsmuseum is no op 'e siik nei dy keatser en it ferhaal dat der by heart.
Op de Facebook-side fan it keatsmuseum hat Theo Kuipers, frijwilliger fan it keatsmuseum en ferantwurdlik foar de koördinaasje fan de kolleksje, in oprop pleatst. As de jonge fan doe fûn wurdt, sil it museum neitinke oer wat se mei it skilderij dogge.