Keatsmuseum yn Frjentsjer earet hjoeddeistige keatshelden yn ferboude bunker

It Keatsmuseum yn Frjentsjer is ferboud. Yn de nije romte, de âlde bunker fan de bank dy't earder yn it gebou siet, stean de winners fan no sintraal.
Keatsmuseum earet keatshelden yn ferboude bunker:
Yn dy romte sieten twa pinautomaten. "Ik hie noait yn dy romte west", seit Bram Bonnema, foarsitter fan it museum. "It is in komplete bunker, de muorren en it plafond binne beklaaid mei stielen platen. We ha der lang oer praat wat we mei dy platen moasten." Se ha arsjitekt Rein Hofstra en de ynrjochters om advys frege. "Dy seinen: lit mar sitte, we kinne der wol wat mei."

Klassikers

Der komme foto's oan de muorre dy't se maklik mei magneten ophingje kinne. "De winners fan no komme der yn. Der binne fjouwer klassikers. By de manlju binne dat de Freule, Jong Nederlân, senioarebûn en de PC en by de froulju de Ald Meierspartij, Jongfammepartij, senioarebûn en de Frouljus PC." Ek de jeugd soe der noch by kinne.
Yn de nije romte fan it museum stean de helden fan no sintraal © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Yn de fitrine komme wikselprizen fan de winners en it ferhaal fan dy klassikers. Filmbylden en audiofragminten meitsje it ferhaal kompleet. "Leit yn it museum de fokus op de skiednis, yn dizze romte sjogge we nei de helden fan no. Ik seach earder ek nei myn grutte helden op it keatsfjild en sa moatte bern fan no har spegelje kinne oan de helden fan hjoed."
Fan freed ôf is de nije romte te besjen. De offisjele iepening folget op 23 april.
Bram Bonnema, foarsitter fan it Keatsmuseum