Wêrom't de kâns lyts is dat Andries Noppert by sc Hearrenfean bliuwt

Andries Noppert yn aksje yn syn earste oefenwedstriid fan dit seizoen tsjin Westerlo © Fotopersburo Heerenveen
"Der spilet no noch neat. Der is neat konkreet." Sa seit Hearrenfeankeeper Andries Noppert. Dochs liket de kâns lyts dat hy bliuwt. "Lytser as tsien prosint", seit keeperstrainer Harmen Kuperus.
Noppert hat noch in kontrakt foar in jier by Hearrenfean. De klup hat him in foarstel dien, dêr't Noppert noch oer neitinkt. Hy hat noch net bytekene en stiet iepen foar in nije klup.
Woansdeitemiddei stie Noppert wer op it fjild yn it shirt fan Hearrenfean. De fraach is lykwols: hoe lang hat hy dat shirt noch oan? Mei Kees van Wonderen, Harmen Kuperus, Harm Zeinstra en Koen Brack sjogge we nei de mooglikheden fan in transfer fan Noppert.
Mar earst Noppert sels. Hoe sjocht hy de situaasje no? "Sa lang't der neat konkreet is en der neat spilet, is de kâns dat ik by Hearrenfean bliuw grut. Mar sis noait, noait."
Dat betsjut lykwols net dat Noppert net iepen stiet foar in transfer. "Ik ha altyd sein, dat as ik nochris in stap meitsje kin, ik dat dwaan wol. Dan moat it goed wêze foar Hearrenfean en foar mysels."

Dreamsenario

It ideale senario is wat Noppert oanbelanget Italië of Ingelân. "Ik ha alris earder yn Italië spile. Ik ha altyd sein dat ik wolris werom wol. En Ingelân is fansels in topkompetysje. En dan soe it ek noch moai wêze as de kâns op spyljen grut is."
Andries Noppert: "It moat wol nijsgjirrich wêze, oars bliuw ik hjir."
Oer dat mooglike dreamsenario en Italië kin Koen Brack wol wat sizze. De âld-spiler fan Cambuur is no saakwaarnimmer yn Italië foar SEG en wennet yn dat lân.
"Ik denk dat Italië een hele mooie competitie zou zijn voor Noppert. Het is een competitie waar misschien iets minder gevraagd wordt van een keeper om zijn voetbaltechnische kwaliteit. Hier moet je simpel gezegd vooral een bal tegen houden."
Brack tinkt dat Noppert noch net klear is foar de top yn Italië, mar krekt dêrûnder miskien wol.
"Ik denk dan vooral aan een club in de middenmoot tot in het rechterrijtje. Clubs als Udinese, Torino of Bologna. Dat zijn echt grote clubs. En vergeet niet dat de druk groot is in Italië. Dat is niet te vergelijken met Nederland. Als je in Italië twee foutjes maakt, sta je er al snel naast."
Van tweede keeper in de Serie B tot keeper op het WK voetbal. Dat heeft hier in Italië de kranten wel gehaald.
Koen Brack, saakwaarnimmer yn Italië
Dat Noppert der goed op stiet yn Italië, hat te krijen mei syn ferline en de ûntwikkeling dy't hy dêrnei makke hat. Hy spile yn de Serie B, it twadde nivo fan Italië, by Foggia. Hy kaam by Foggia yn oardel jier net fierder as acht wedstriden.
Dat hy it dêrnei as keeper fan Oranje skopte oant it WK, dat hat se yn Italië ek ferbaasd. Brack: "Noppert heeft hier in Italië wel naam gemaakt. Van tweede keeper in de Serie B tot keeper op het WK voetbal. Dat heeft hier de kranten wel gehaald. Hij staat er goed op."

Kâns pakke

Italië liket Harmen Kuperus (keeperstrainer by Suriname en âld-keeperstrainer fan Noppert by Hearrenfean en Go Ahead Eagles) ek wol in goed fuotballân foar Noppert. Hy fynt foaral dat Noppert no syn kâns pakke moat. "Hy moat der no by wêze. It momentum nei it WK is miskien al wat fuort, mar as hy no in moaie transfer pakke kin, dan moat hy dat foaral dwaan."
Oer dat momentum begjint ek Harm Zeinstra, âld-keeper fan Hearrenfean en Cambuur en skriuwer fan it boek De Keeperscode. "Ik tink dat de kâns no ûngefear 50/50 is. It momentum is in bytsje fuort. Dat wie fansels nei it WK en troch syn blessuere spile hy dêrnei lang net. Dat sille klups ek meinimme. Hy is fansels noch net hiel lang op in heech nivo werom."
Dochs tinkt Kuperus dat de kâns hiel lyts is dat hy by Hearrenfean bliuwt. "Dy kâns is lytser as tsien prosint."
© Fotopersbureau Heerenveen
Kuperus helle Noppert yn jannewaris nei Deventer. Dêr waard hy twadde keeper efter Warner Hahn. Kees van Wonderen, no trainer fan Hearrenfean en doe trainer by Go Ahead Eagles, wit dat noch goed. "Ik weet nog dat Harmen zei: ik ken een goede keeper. Maar daar moeten we wel flink mee aan de slag. Toen kwam-ie met Noppert op de proppen. Harmen heeft Andries naar Go Ahead gehaald en de rest is geschiedenis."
Kuperus is noch altyd bot te sprekken oer Noppert. "Hy is better as Justin Bijlow (Feyenoord, red.). As ik Feyenoord of Ajax wie, dan soe ik Noppert fuort pakke."
Zeinstra twivelet dêroer. "Ik tink net dat hy sa fluch nei in topklup yn Nederland giet. Feyenoord soe wol in moaie klup foar him wêze, mar ik tink dat in trainer as Arne Slot in soad freget fan in keeper as it giet om meifuotbaljen. Dêr hat Noppert wol stappen yn makke, mar hy is earder eksepsjoneel goed as linekeeper en yn de sechstjin meter."
"Itselde jildt dan eins foar Ajax en PSV. Dan sjoch ik earder it rjochterrychje yn Ingelân foar my. Of de subtop yn de Bundesliga."
Hearrenfean moat him foar 1,5 miljoen euro gean litte.
Harmen Kuperus
Noppert hat no noch in kontrakt foar in seizoen by Hearrenfean. Der sit net in klausule yn it kontrakt dat Noppert foar in bepaald bedrach fuort mei of in opsje foar ferlinging fan dat kontrakt. Hearrenfean kin dus freegje wat se wolle.

Watfoar bedrach moat Hearrenfean foar Noppert freegje?

Zeinstra tinkt oan tusken de twa en trije miljoen euro. "Ik sjoch no op Transfermarkt (in webside dêr't transferswearden jûn wurde oan spilers, red.) dat hy 4,5 miljoen wurdich is. Dat is tink ik no wol wat oan de hege kant. Ik ferwachtsje earder dat it rûn de 2 oant 3 miljoen euro wêze sil."
Kuperus tinkt sels noch leger. "Ik tink dat Hearrenfean him foar 1,5 mijoen euro gean litte moat. It momint nei it WK is der no ien kear net mear. Hearrenfean moat pakke wat se pakke kinne en Noppert dizze transfer gunne."
Kees van Wonderen oer Andries Noppert
Van Wonderen seach Noppert woansdei wer op it fjild stean. Hy seach Noppert trije knappe rêdings dwaan, mar him foaral yn de coaching wer folop oanwêzich wêzen. "Ik hoop dat-ie blijft. Een persoonlijkheid in de groep, een uithangbord van de club."

Status feroare

Mar Van Wonderen sjocht foarearst noch net dat de Hearrenfeankeeper fuort giet. "Ik zou het echt niet durven zeggen. Vooralsnog is er geen belangstelling en is hij keeper van Heerenveen. Maar ik weet uit ervaring dat dat heel snel anders kan zijn."
Al sjocht hy ek wol dat Noppert syn status bot feroare is. "Hij heeft de pech dat hij er even uit geweest is. Anders was de kans groter geweest dat hij al een stap had gemaakt."
Mar oft Van Wonderen de 'lijn-Kuperus' folget, dy't tinkt dat de kâns lytser as tsien prosint is dat Noppert bliuwt, no nee, net echt. "Ik zou dat niet zo durven zeggen. Die signalen hebben we helemaal niet. Dus dat is op het conto van Harmen", laket er.