It libbensferhaal fan Foppe de Haan: "Je binne der ek foar in oar"
Mei Foppe De Haan rinne we troch Lippenhuzen. It wurdt njonken in tochtsje troch syn berteplak, ek in tocht troch syn ferline.
Foppe de Haan waard berne op 26 juny 1943. Mei syn suske Ipie groeide hy op yn in húshâlding dêr't se net earm wiene, mar it seker ek net breed hiene.
De earste tsien jier fan syn libben wiene moai. Fuotbal spile doe al in grutte rol foar it lytse jonkje.
In moaie jeugd mei ek soargen
Dêrnei waard it dreger. De mem fan Foppe waard depressyf. It drukte in stimpel op it libben fan de húshâlding.
Fuotbalje yn it doarp wie it grutste tiidferdriuw fan de jonge Foppe. Tsjin de bline muorre by it hûs baltsje traapje. "Dat gie boem, boem, boem... oant mem lilk rôp: 'Do moatst ophâlde! It is allegear lawaai.'"
Mar der waard benammen ek fuotballe mei de jonkjes fan it doarp. Der wie gjin fuotbalklup, mar se regelen alles sels. Sa kaam der in echte learen bal neidat se by de ferskate winkels jild ynsammele hiene. Om bar pasten de jonges op de bal en setten se 'm yn it fet.
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te belústerjen en ek fia de podcast-app.
Se diene ek mei oan it kampioenskip fan de regio en wûnen dy. Mei in soad nocht fertelt De Haan dêroer. Hy wie de oanfierder fan de ploech en hie in kear in skoalwedstriid regele. Dy deis ferstûke hy syn ankel en mocht er net mei. Dat fûn de jonge Foppe sa ûnearlik. "Ik wie woest. Dêr hat de master noch lang lêst fan hân."
Fierders ropt it rinnen troch it doarp in hiel soad oantinkens op. Oan de wurkpleats fan heit by it hûs fan 'tante Fokje'. As jonge jonge wie Foppe faak by âldere frou te finen. Se lies kranten en dat woe Foppe ek. "Se wie hiel wichtich foar my."
As ik by har weigie, koe ik it stjoer fan de fyts wol ferbûge.
De earste tsien jier wiene sûnder soargen. Mar mem wie geastlik net hiel sterk en kaam op in hiel rare manier te fallen by it follybaljen yn it doarp. Se lei wiken op bêd en dêrnei kaam it net mear goed, fertelt De Haan.
Mem yn it lytse keammerke
Se bedarre yn 'e lytse loege en de jonge soan makke 'm grutte soargen. Hy skreau as 12-jierrige jonge noch in brief oan in dokter. "Ik woe dat it gewoan wer goed gie." Mar it kaam net goed. Doe't it gesin yn Grou wenne, waard se ferskate kearen opnaam yn de psychiatry.
"Dan kaam ik wolris by har en dan siet se yn in lyts keammerke opsluten. As ik dêr dan wer weigie, koe ik it stjoer fan de fyts wol ferbûge. Sa lilk wie ik."
Uteinlik docht de mem fan Foppe harsels tekoart as De Haan 27 is. Foar de famylje fertriet, mar ek opluchting dat har lijenswei foarby wie. It hat De Haan wol mei foarme. "It soarge derfoar dat ik my foarnaam dat ik my net kiste liet."
Foppe de Haan is al hiel lang troud mei 'syn' Gé. Se kinne mekoar al fan harren jeugd ôf en krigen ferkearing doe't Foppe 19 wie. De Haan folge doe de kweekskoalle, de oplieding ta skoalmaster.
Nei de trouwerij wennen Foppe en Geke in skoft yn Enschede, dêr't De Haan gymnastyklearaar wie. Sa'n fjouwer jier bleaune se dêr, mar nei in winter mei iis is it klear. 'We gean nei hûs', seit Foppe. Geke freget wat er bedoelt. 'Werom nei Fryslân.'
It wie dy winter prachtich reedriderswaar. De Haan naam de bern fan skoalle mei nei it iis, mar dat waard dêr net wurdearre. En ek it sels riden yn Oerisel befoel 'm net.
Gé hâldt my yn de stokken
En sa komt it stel yn Akkrum te wenjen. Dêr wurdt studearre om fierder te kommen. De Haan makket syn oplieding ôf op de ALO yn Amsterdam en waard dosint op it CIOS op It Hearrenfean.
De twa dochters wurde berne. "Dat wie in hiel gelokkige perioade. We diene it tegearre."
sc Hearrenfean
En hy komt by sc Hearrenfean. Hy wurdt haadtrainer. Wurdt dêr ek wer ôfhelle, mar dat begriep er wol. "En Riemer (van der Velde, red.) sei der fuort by dat ik letter weromkomme soe: 'We litte earst efkes in pear oare hampelmannen komme en dan komst do wer.'"
Doe't trainer Fritz Korbach fuortgie, woe De Haan it ynterim wol efkes dwaan. "Ik sei dat ik it in wike dwaan woe. It waarden tolve jierren." It soarge der ek foar dat de trainer net nei oare klups gie. Hy hie in petear by AZ en koe ek nei in Ingelske klup, krekt ûnder Champions League-nivo. Mar gie net.
"Ik ha der gjin spyt fan. Ha der miskien net alles úthelle, mar ik fûn it sa moai wat ik die." Sa waard er wol de langstsittende trainer yn it betelle fuotbal.
Emoasjes
As hy weromtinkt oan en fertelt oer bepaalde barrens, rekket de âld-trainer emosjonearre. Dat bart geregeld. Sels hat er dêr gjin lêst fan. "Ik sjoch it dan foar my en dan komt it."
Frou Gé freget him wolris as hy in lêzing hâlden hat oft hy wer gûld hat, fertelt er laitsjend. Sy is tige wichtich foar him. "Gé hâldt my yn 'e stokken. Se lêst ek alles wat ik skriuw, oant de punten en komma's en oft ik it net moaier meitsje as it is."
Leaver harkje nei it libbensferhaal fan Foppe de Haan? Dat kin hjir
As we it oer de karriêre krije, komt fansels ek Jong Oranje foarby. Dat wie ek prachtich om te dwaan, fynt De Haan. Konneksje meitsje mei jonge minsken, dat is wêr't it om giet neffens him. Dat bliuwt foar ferbining soargjen. Sa belje guon spilers him noch wolris. Romano Denneboom bygelyks belle yn de coronatiid om te hearren hoe't it mei him gie.
Riemer en Foppe, it duo fan de klup
As je Foppe sizze, dan sizze je ek Riemer. It duo makke de klup sc Hearrenfean grut yn de jierren 90. Sy wiene lang it boechbyld fan de klup. En ek no dûke se betiden wer efkes op as it oer it fuotbaljen op It Hearrenfean giet.
Dat noaske net elkenien by de klup yn de ôfrûne jierren. De Haan begrypt dat net. "Se binne bang foar ús, mar wêrom net gebrûk meitsje fan bygelyks de kunde fan Riemer op it mêd fan scouting. Dat is dochs it domste wat je dwaan kinne. En dat hy dan sa út en troch kommentaar hat, dan litte je dat dochs gewoan?"
'Mooi rapportje'
Sels waard him frege te sjen nei de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean. Hy makke der in soad wurk fan en mocht it foar de ried fan kommissarissen en oare pommeranten fan de klup presintearje. Direkteur Cees Rozemond begûn De Haan ûnder de presintaasje oan te fallen, seit er.
"Ik bin ophâlden, it wie in sinleaze eksersysje." Doe't de direkteur de folgjende deis by him kaam en sei dat it in 'mooi rapportje' wie en hy der mei oan de slach koe, hat de âld-trainer net reagearre, "It wie klear."
Húshâlding is haadsaak
It probleem is neffens De Haan dat der te folle minsken by de klup kamen mei te min bining mei de klup. "As je alles fan bûten helje, is de ferbining fuort", seit hy. Noch altyd sit it duo De Haan en Van der Velde op de tribune by wedstriden. De Haan leaut dat it no wol better giet mei de klup.
En sa spilet it fuotbal fan de jongste jeugd oant syn 80e in haadrol. Mar úteinlik is de echte haadrol foar de húshâlding. Sy binne it alderwichtichst. Frou Geke, de bern en pake-en beppesizzers. Sûnder dy húshâlding hie it yn it fuotbal ek net kinnen.
De libbensles fan De Haan is dat je in taak hawwe op de wrâld. "Dat je wat je yn je hawwe ek útdrage moatte. Want je binne net allinnich op de wrâld, je binne der ek foar in oar."
Seleksje karriêre Foppe de Haan
- 1974: trainer jeugdoplieding sc Hearrenfean
- 1985-1988: trainer Hearrenfean
- 1992-2004: trainer Hearrenfean
- 2004-2009: bûnscoach Jong Oranje
- 2009-2011: trainer Ajax Cape Town
- 2011: bûnscoach Tûvalû
- 2015-2016: trainer Hearrenfean
- 2016-2017: adviseur Nederlânsk frouljusalvetal