Omrop Fryslân

Greenpeace fiert aksje by boarplatfoarm Skiermûntseach tsjin nije gaswinning

Aksjefierders fan Greenpeace by it platfoarm
© Lucas Wahl, Greenpeace
Greenpeace hat ôfrûne nacht aksjefierd tsjin de ynstallaasje fan in boarplatfoarm foar gas by Skiermûntseach. It protest rjochtet him tsjin it kabinetsbelied om gas te winnen op de Noardsee.
De aksje wie by de winningslokaasje N04-A, sa'n tritich kilometer benoarden Skiermûntseach. Op it boarplatfoarm fan it gaswinbedriuw ONE-Dyas is 'No new gas' skildere en de aksjefierders hawwe ek in spandoek ophongen mei de tekst 'Ga van het gas af.'
"Dat ging vrij makkelijk, dat hebben we goed kunnen uitvoeren vannacht en iedereen is ook veilig weer teruggekeerd", seit direkteur Andy Palmen fan Greenpeace Nederland.
Doel fan de aksje is om in reaksje fan Vijlbrief te krijen. "Nu is het de vraag of staatssecretaris gaat reageren. We proberen met hem in gesprek te komen, maar dat wordt steeds uitgesteld of afgezegd."

Klimaatkrisis

"We zitten midden in een klimaatcrisis en moeten daarom zo snel mogelijk van fossiele brandstoffen af. Het kabinet zet juist alles op alles om de gaswinning op de Noordzee te versnellen, dat is onbegrijpelijk", sa ferklearret Palmen.
De Nederlânske autoriteiten hawwe in fergunning ôfjûn foar proefboarringen, mar neffens de aksjegroep is de mynbou op see net ferantwurde en tige skealik foar de natuer.
Koartlyn lei de rjochter oanlis foar nije gaswinning op in oare lokaasje yn de Noardsee stil, nei't in tal Dútske partijen beswier makke. Mar der binne meardere lokaasjes dêr't ONE-Dyas gas nei boppen helje wol. It bedriuw stekt hûnderten miljoenen yn de gaswinning op de Noardsee.

Nije aksjes

As der nei dizze aksje noch gjin reaksje komt, set Greenpeace troch. "Ik sluit nieuwe acties niet uit", seit Palmen. "Het is een te belangrijk onderwerp om te laten gaan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.