Feanwatchers sjogge werom op seizoen Hearrenfean: "Al mei al in meager seiske"

Arjen de Boer en Roelof de Vries sjogge werom op it seizoen fan sc Hearrenfean © Omrop Fryslân
De doelstelling fan sportklup Hearrenfean wie it beheljen fan de play-offs om Europeesk fuotbal. Wat dat oanbelanget wie it seizoen slagge. Mar it fuotbal wie nei de winterstop bytiden net om oan te sjen.
Hoe tefreden mei de klup dan wêze? Hearrenfeanwatchers Arjen de Boer en Roelof de Vries sjogge werom op it ôfrûne seizoen en beprate ek wat de grutste opdrachten binne yn oanrin nei takom jier.
Watfoar sifer soest Hearrenfean dit seizoen jaan?
"Se hawwe de doelstelling helle, mar ik fyn dat ek in hiel reële doelstelling", stelt De Boer. At je sjogge wa't de konkurinten wienen foar plak acht: Go Ahead Eagles, RKC en NEC. Dy hienen je op foarhân yndield by de degradanten.
Fierder is it publyk net echt bedoarn mei moaie wedstriden. Der siet gjin inkelde kear in echte stunt by. Van Wonderen woe graach thús in kear winne fan Ajax, PSV en Feyenoord, dat is net slagge. Mar se winne wol alle derby's en dat is ek wat wurdich. Al mei al in meager seiske."
De Vries is krekt wat positiver: "Ik jou se in 7. En dan tink ik, sa as Sydney van Hooijdonk ek sei yn de Sportcast, dat der mear yn siet. Mar ik fyn dat je nei it totaalbyld sjen moatte. Mei dit spilersmateriaal hiene se miskien mear punten helje kinnen, mar sjoen it budzjet is it in goed resultaat. Ik kin my wol ergerje oan sjoernalisten dy't sizze dat Hearrenfean in min seizoen hân hat.
In klup as FC Grins of Vitesse hat mear budzjet, mar hat in folle minder seizoen hân. Ek klups as FC Emmen, Fortuna Sittard of NEC ha spilersbudzjetten dy't fergelykber binne mei Hearrenfean. Oer Emmen sizze se dan: 16e, logysk. Oer Hearrenfean sizze se dan: in wat teloarstellend seizoen. Dat fyn ik net de wierheid. Dat kloppet net."
Wa hat it measte yndruk op dy makke?
"Je moatte fansels Sahraoui sizze, mar ik kies dochs foar Noppert", seit De Vries. "Ek no't hy nei syn blessuere werom is, makket er as keeper safolle yndruk op my. Ik fyn him net normaal goed. As hy dit nivo fol hâldt, kin hy minimaal nei in klup as Ajax. Sterker noch, wêrom helje dy yn fredesnamme Rulli, wylst Noppert op te pikken is?"
Andries Noppert © Omrop Fryslân
De Boer is it iens mei dy kar: "Omdat ik yn it foar net hiele hege ferwachtings fan him hie, sis ik ek Andries Noppert. Syn ferhaal lêst as in stripferhaal fan "Appie Happie". Noppert hat him yn ien seizoen ûntwikkele as it úthingboerd fan de klup. Hy sprekt de taal, is nochter en hy keept ek noch ris fantastysk. Hy hat it WK spile, yn de kwartfinale tsjin Messi en ferline jier spile hy noch by Go Ahead Eagles. At je it sa sizze, is it hast net te leauwen."
Wat wie de grutste teloarstelling dit seizoen?
"De wikselfallichheid", seit De Boer. "Dat falt my echt bot ôf. De ploech wikselt hege piken binnen 90 minuten sûnder muoite ôf mei djippe dalen. De earste helte fantastysk, de twadde helte is der neat mear fan oer."
"Foar my is dat Rami Al Hajj", seit De Vries. "Dat komt ek troch myn ferwachtings. Ik fyn it in hearlike spiler, ik fyn it echt spitich dat er fuortgiet. Ik snap it wol, mar ik hie it dochs nochris besocht mei in hierkonstruksje. Ik bin bang dat we him oer in pear jier nochris weromsjogge en tinke: shit, wêrom ha sy dy gean litten?"
It wie it earste seizoen fan Kees van Wonderen as trainer fan sc Hearrenfean. Is syn hân sichtbêr wurden?
De Boer: "Kees van Wonderen kaam binnen mei it stimpel in definsive trainer te wêzen en eins die dat de earste njoggen wedstriden ek bliken. Mei dat 5-3-2 systeem die hy syn namme ear oan. Hy helle resultaten, mar echt moai om nei te sjen wie it net.
Dêrnei hat er de boel omsmiten, mar is it him net slagge om de ploech werkenber fuotbal spylje te litten. Boppedat waarden se efteryn ekstra kwetsber."
Kees van Wonderen © Orange Pictures
Roelof sjocht it stimpel fan de trainer ek dúdlik. "Dat is sichtber. Ik tink dat Van Wonderen in top-trainer is. Mar ik tink ek dat hy it dreech fynt by Hearrenfean. Dat hy net hielendal grip krijt op guon spilers.
Foaral omdat hysels mear ferwachtet as't guon spilers leverje kinne. Dan ha ik it foaral oer ynvestearje yn jesels en striid leverje. Dat hat er as spiler sels altyd dien. Hy kin der min oer as syn spilers dat net dogge."
Op watfoar posysjes moat Hearrenfean fersterkingen helje om it alvetal better te meitsjen foar takom seizoen?
De Boer tinkt direkt oan in spits. "It wurdt in drokke simmer foar Ferry de Haan, omdat der in soad spilers fuortgean sille. Prioriteit is in nije spits. Se hawwe yn de winter foar Daniel Karlsbakk in soad jild betelle (2,5 miljoen euro, red.), mar hy hat my noch gjin inkele kear bekoare kinnen.
Ik fyn dat der in echte ferfanger foar Van Hooijdonk komme moat, in jonge dy't der minimaal fyftjin ynskopt. En ik gean derfan út dat der op it middenfjild noch in jonge by komt dy't én goed fuotbalje kin én oer de echte winnersmentaliteit beskikt. Fierder moat der in nije linksback komme, ik soe it wol witte as ik Hearrenfean wie. Ik helle gelyk Alex Bangura op."
Milan van Ewijk © Orange Pictures
De Vries giet it hiele fjild oer. "Hast even? In twadde keeper efter Noppert. Mar miskien ek wol in earste keeper. In nije rjochtsback, want ik gean derfan út dat Milan van Ewijk fuortgiet. Kaib wolle se wol kwyt. Dus in linksback. Dan giet Joost van Aken fuort, dus der moat ek in sintrale ferdediger by. Van Hooijdonk giet ek fuort, dus der moat in spits by dy't de konkurrinsje oangiet mei Daniel Karlsbakk.
En op it middenfjild hoopje se harren te fersterkjen mei Charlie Webster fan Chelsea. In 19-jierrige middenfjilder. Mar miskien komme der noch mear middenfjilders. Dat hinget der ek fan ôf oft Halilovic nei in oare klup kin en of Haye ferkocht wurdt."
Wat moat de doelstelling takom seizoen wurde?
De Boer: "Dielname oan de play-offs foar Europeesk fuotbal mei attraktyf fuotbal, mear is net realistysk. It soe al in boppeslach wêze om de persoanlike doelstelling fan Van Wonderen te realisearjen: in thúswedstriid winne fan Ajax, Feyenoord of PSV."
De Vries wol de latte ek net heger lizze as foar it ôfrûne seizoen: "Einigje by de earste acht is in prima doelstelling."