De bunker yn Grou hâldt de ferhalen fan de Kâlde Oarloch yn libben

Gasmaskers yn de bunker fan Grou © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Wat hasto belibbe yn de Kâlde Oarloch? Dat wol de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed graach witte. Op de webside koudeoorlog.nl wurde persoanlike ferhalen fan minsken sammele.
De Kâlde Oarloch hat hast fyftich jier duorre en der is nea in skot lost. Mar ek in oarloch dy't nea echt plakfûn hat, fertsjinnet it om betocht te wurden. Mei de webside koudeoorlog.nl wurde de ferhalen sammele, sadat se nea fergetten wurde.
In oarloch mei atoomwapens, dêr wie eltsenien bang foar. De driging wie grut. Grou wie ien fan de plakken dêr't in spesjale 'atoomproof' bunker boud waard.
Dy bunker koe elk momint ynrjochte wurde as kommandopost foar de oerheid. Mocht der in bom falle, dan koene dêr 150 minsken sûnder problemen trochwurkje, hielendal ôfsletten fan de bûtenwrâld.
De Gouster bunker wie ien fan de BB-bunkers. BB stie foar 'Bescherming Bevolking': in groep boargers dy't helpe koe as der in ramp barde. Douwe Boonstra wie ien fan de minsken dy't wurke foar de BB. En dat wie net alhiel frijwillich.
Kommandopost Grou © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Boonstra wie frijsteld fan militêre tsjinst en moast dêrom ferplicht by de BB. Geregeld oefenen se yn de bunker fan Grou. "Elke winter in kear of acht", fertelt er. "As je 18 jier binne, dan wurde je dêr net entûsjast fan."

Gjin spanning

De oefening gie altyd oer wat der allegear barre moast, as der in (atoom)bom fallen wie. "It bestjoer hjir yn de bunker joech opdrachten troch nei bûten ta wat der barre moast."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Benaud foar in atoombom wie Boonstra net. "We hawwe der noait oer ynsitten. As je yn in winter acht kear oefenje, dan giet de spanning der wol ôf. Dat is it doel ek: oefenje, dan witte je wat je dwaan moatte as de bom falt."
Achterôf wie it wol in spannende perioade.
Roelof van Gelderen, tsjintwurdich lokaasjemanager fan de BB-bunker
Roelof van Gelderen is no lokaasjemanager fan de BB-bunker. Yn de tiid fan de Kâlde Oarloch siet hy tsjinst op de Amerikaanske legerbasis fan Borgholszhausen, flakby Osnabrück yn Dútslân.
Alle dagen om 12.00 oere waarden de 32 raketten test dy dêr stiene. "Dan stienen se klear om it eventuele Russyske gefaar tsjin te gean. Se stienen opsteld as driging tsjin it Easten."
"Op it stuit sels en op dy leeftiid tinke je dêr net oer nei", seit er. "Mar achterôf wie it wol in spannende perioade. Der hoegde net folle te barren of it wie op de kop ferkeard kaam."
Roelof van Gelderen, Lyda Veldstra en Douwe Boonstra © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Lyda Veldstra gie geregeld nei it Eastblok op fakânsje. East-Dútslân ynteressearre har, omdat har heit yn de Twadde Wrâldoarloch te wurk steld wie yn Leipzig. Se fûn it hiel spannend om efter it 'izeren gerdyn' te gean, mar wie nea bang.
Doe't yn 1989 de muorre yn Berlyn foel en der in ein kaam oan de Kâlde Oarloch, gie Veldstra fuortendaliks nei Berlyn ta. Dêr makke se mei hoe bliid oft de ynwenners fan East-Berlyn wiene. Lang om let wiene se net mear opsletten efter it izeren gerdyn.
Dat gefoel fan iepenheid wie fantastysk.
Lyda Veldstra
"Dei en nacht gienen minsken de strjitte op", fertelt se. "Minsken wienen allegear yn in euforystimming. Wy binne mei de massa meirûn. Dat gefoel fan iepenheid wie fantastysk, ik bin hiel bliid dat we dat meimakke hawwe."
Op it stuit is Van Gelderen lokaasjemanager fan de BB-bunker fan Grou. Dy is no alwer jierren in museum. Sûnt de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne krijt Van Gelderen hieltyd faker de fraach oft de bunker noch wol in feilich plak is as der in atoomoarloch komt.

Benaudens komt werom

"We sitte wer yn in soarte fan Kâlde Oarloch. Eartiids krigen we in pear kear yn it jier de fraach oft de bunker noch wurket, no in pear kear yn de moanne. Minsken wurde benaud, dat fernimme wy wol."
En is er feilich? Nee is it koarte antwurd. De bunker is ferâldere. Boppedat wie it ek gjin 'bomproof' plak, mar wiest der wol feilich foar radio-aktive strieling. "Mar bist yn de bunker noch altyd feiliger as thús."
Harkje hjir nei de reportaazje oer de Kâlde Oarloch