Kâlde Oarloch sichtber makke mei fûneminten loftwachttoer Aldeberkeap

De fûneminten fan in âlde loftwachttoer by Aldeberkeap binne opgroeven. It doarpsargyf en Steatsboskbehear wolle dêrmei de oantinkens oan dit bouwurk út de tiid fan de Kâlde Oarloch libjend hâlde.
Henk Bouwhuis (89) wie frijwilliger by de Loftwachttsjinst en hie der oefeningen mei fleantugen fan dy tiid:
Yn de perioade fan de Kâlde Oarloch stie de loftwachttoer yn de Koepelbosk. Fleantugen fan de fijân, dy't ûnder de radar fleane soene, waarden op de toer yn de gaten holden. Observators koene oan in kommandosintrum trochjaan wat se seagen.
Yn 1964 is alles ôfbrutsen. "It pleatslik belang woe 'm noch wol iepen stelle foar toerisme", seit Pieter de Jong fan it doarpsargyf. "Mar Steatsboskbehear woe dat doe net. Dy woenen derfan ôf."
Wêrom't dat doe sa wie, kin Yntze de Vries fan Steatsboskbehear net sizze. "Dat is veur mien tied gebeurd. Misschien zaggen ze de historische weerde d'r doe niet zo van in. Dat is now allemaole veraanderd."
Op inisjatyf fan De Jong wurde de fûneminten no bleatlein. Der komt ek in ynformaasjepaniel op dat plak.
Steatsboskbehear helpt dêr no oan mei. De Vries: "Een jaor of wat leden biwwe hier in Berkoop begonnen om de Koepelbos een betien op te knappen, en dan drok ik me zaachte uut. Dat is hiel goed lokt. Mar dat heurt d'r dan ok bi'j."
Henk Bouwhuis, no 89 jier, wurke op it platfoarm. Ta in oarlochssituaasje kaam it nea. "Dy Kâlde Oarloch rekke ús net echt", fertelt er. "It wie benammen gesellich. Oft we dêr echt bydroegen ha oan de feilichheid fan Nederlân? Dat idee ha ik net."

Efterhelle

De toer rekke al gau datearre. "Earst moasten we noch tastellen yn de gaten hâlde dy't net sa rap wienen. Mar doe't de strieljagers kamen, wie it systeem efterhelle."
Yn de tiid fan de Kâlde Oarloch wienen der 138 loftwachttuorren yn Nederlân. De measten dêrfan binne dêrfan no ôfbrutsen. Yn Fryslân stiet allinnich yn Aldemardum noch ien. "De bedoeling fan dit inisjatyf is om in stikje skiednis te fertellen oan de generaasje dy't it meimakke hat, mar ek om it nijsgjirrige ferhaal troch te jaan oan de jongere generaasjes."