No't Westerhûs klear is en iepenet, begjint it echte wurk foar Nijkleaster

It Nijkleaster stiet midden yn de greide by Hilaard © Omrop Fryslân
Al mear as tsien jier dreamt de Stichting Nijkleaster fan in echt, fysyk kleaster yn Jorwert. Dy dream komt oer in pear wiken út, want Kleaster Westerhûs is sa goed as ôf.
Op 28 maaie moat it heve: dan iepenet Kleaster Westerhûs en ferbynt Nijkleaster him offisjeel oan de protestantske gemeente Westerwert. Tegearre foarmje sy tenei de protestantske kleastergemeente Nijkleaster-Westerwert.
It feest wurdt de fjoerdoop foar it Westerhûs, de namme dy't it fysike kleaster krijt. Westerhûs iepenet de doarren yn in monumintale buorkerij, midden yn it greidelân tusken Jorwert, Hilaard, Jellum, Bears en Weidum.
Op de souder fan it Nijkleaster sit in meditaasjeromte © Omrop Fryslân
De pleats is yn de ôfrûne tiid flink restaurearre en der binne ek wenromten ferboud op it hiem. It doel wie om de histoaryske eleminten te behâlden, mar mei in moderne, duorsume oanpak.
Nijkleaster is ûntstean út in idee fan Sietske Visser en Hinne Wagenaar, dy't yn 2009 in stichting yn 't libben brochten. Der ûntstie kontakt mei de protestanske gemeente Westerwert en Missionair Werk fan de protestantske tsjerke en sûnt 2012 wurkje de partijen gear om in nij kleaster foarinoar te krijen.
It nije kleaster moat in beaken fan stilte en rêst wurde. Minsken maotte har dêr besinne kinne, mar ek oaren moetsje kinne: in nije wei foar it evangeelje. De tsjerke moat iepen stean foar pylgers en minsken fan allerhanne tsjerken en tradysjes.

No it echte wurk noch

Henk Kroes, bekend as âld-Alvestêdefoarsitter, is foar Nijkleaster aktyf as boupastor. Boukundig is it kleaster no klear, seit er. Mar no komt it echte wurk noch.
"De hiele mienskip moat fansels noch opboud wurde, want it giet fansels om de ynhâld. It gebou is der om de ynhâld te stypjen. Mar wy binne der hiel wiis mei dat it slagge is om sa'n buorkerij om te foarmjen nei in kleaster, sa't wy it yn it ferline foar eagen hiene", sa fertelt Kroes.
Net iens foar himsels, heakket er der gau oan ta. Hy wiist op syn leeftiid. "As je hjir komme, moatte je ek in wichtige bydrage leverje kinne oan dy mienskip. Mar ik bin hjir wol faak. Ik piel in soad om en bin hiel lokkich hjir."
It Nijkleaster by Hilaard is sa goed as ôf © Omrop Fryslân
Hinne Wagenaar, pionier-predikant, fynt it bysûnder om no lang om let yn de ferboude pleats om te rinnen. "Net allinne foar ússels, mar wy kinne it no oanbiede oan oaren. Us missy is om dit plak, dat sa fertutearze wie, wer moai en skjin te meitsjen, sa't minsken hjir sels ek wer op azem komme kinne."
De kleastermienskip moat aanst wer in nij lykwicht fine, seit er, mar hy fynt it bysûnder om aanst it wurk op de pleats dwaan te kinnen. It jout Nijkleaster alluere, sa seit er.
Hinne Wagenaar en Kees de Jager © Omrop Fryslân
Wagenaar is wakker grutsk op de molkekelder, dy't aanst as kapel tsjinnet. "It is in tige yntime romte. It azemet skiednis, it is nei alle gedachten it âldste part fan de pleatst. It is opboud út 'âlde friezen', kleastermoppen dy't noch wolris út de kleastertiid komme kinne."
Dat fynt Wagenaar fantastysk. "Wy wolle in nij, modern kleaster wêze, mar wy meitsje de ferbining mei it ferline. Dizze kelder, no de kapel, is dêr symboal fan."