Bewenners Skylge ferbolgen: "Raad en wethouders zitten er voor het volk"

Bewenners fan Skylge roppe op om nei de riedsgearkomste te kommen © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Mei in oprop om nei de riedsgearkomste fan jûn te kommen, wol in groep bewenners fan Skylge de ried en wethâlders op oare prioriteiten wize. De groep fynt dat der no te folle tiid en enerzjy giet nei de hjoeddeistige bestjoerskrisis.
"We doen de oproep om de gemeenteraad en de wethouders er attent op maken voor wie ze er zitten: de bevolking", seit Nienke Meijvogel, ien fan de bewenners. "Dat wordt uit het oog verloren, hebben we het idee."
Der moat neffens Meijvogel mear omtinken jûn wurde oan de folgjende spearpunten: de enoarme wenningneed, de haven dy't op 'e kop moat, en druk fan it toerisme.

Ynterne striid

Neffens har is in part fan de politisy te drok mei oare saken. "Het is een interne strijd aan het worden. Zo moet er ineens een derde wethouder bijkomen, van buitenaf. Iemand die niks met het eiland heeft, daar zijn we verbolgen over."
Ek oer it fuortstjoeren fan de boargemaster is spul. "Veel 'gewone' eilanders, zonder groot bedrijf, lopen wel weg met de burgemeester. Ze is er voor ons, en dat laat ze ook merken. Ze luistert naar ons."