Kanadeeske oarlochsfeteraan Art Boon (98) stoarn: "Hy woe noch wer nei Fryslân komme"
De Kanadeeske oarlochsfeteraan Art Boon, dy't belutsen wie by de befrijing fan Fryslân, is snein ferstoarn. Hy wie 98 jier.
Art Boon siet by it Perth Regiment dat meidie oan de ynvaazje fan de alliearde troepen yn Normandië yn 1944. Yn april 1945 wie er by de Kanadeeske troepen dy't Fryslân befrijden fan de nazi's.
Nei de oarloch kaam Boon geregeld werom nei Fryslân. Hy wie oanwêzich by betinkingen. Dit jier hie er ek wer komme sillen, mei kollega-feteraan Jim Parks. Dy komt noch wol, is de bedoeling.
Foarsitter Marco Kalmijn fynt it spitich dat hy net mear mei syn kammeraat Jim Parks nei Ljouwert komme kin dit jier. "Hy wie fansels wol op leeftiid mar doe't wy bekend makken dat hy komme soe, wie it dúdlik dat syn sûnens noch goed wie. Hy hie der ek hartstikke sin oan."
Boadskip fan de frijheid
As jonkje fan fyftjin jier liigde Boon him it leger yn. Hy wie fierstente jong. "Foar de jonges út Amearika wie it in hiel aventoer om nei Europa te kommen", seit Kalmijn.
Boon kaam ek graach nei de betinkingen: "De eare dy't sy krigen fûn hy moai. Hy hat altyd sein dat er der foar syn kammeraten stie, dy't omkaam binne. Mar ek om it boadskip fan de frijheid yn stân te hâlden, dat is net fanselssprekkend."
Kalmijn tinkt dat Jim Parks dit jier noch wol nei Fryslân komme sil. "Ik haw goede hoop. It nijs is noch farsk, dus wy binne mei de famylje yn petear. It is myn ynskatting dat er komt, om't ik wit dat er it graach wol. Mar in slach om de earm moatte wy wol hâlde. Hy is ek 98, dus wy witte ek net hoe't it mei syn sûnens komme sil."