Omrop Fryslân

Keramykmuseum Ljouwert tiisdei wer iepen nei ynbraak: "Het kan veilig"

Ien fan de stellen stikken: in porsleinen skûtel út Sina (1710-1735) mei in feniks en draak
© Keramiekmuseum Princessehof
Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert giet tiisdei wer iepen. Ferline wike moandei waard dêr by in ynbraak keramyk stellen. It museum hat foto's fan it stellen guod op ynternet set en hopet op tips.
Dieven naaiden út mei alve objekten fan Sineesk ierdewurk út de tentoanstelling Feest! Sân dêrfan binne yn diggels weromfûn yn de omjouwing fan it museum. Fjouwer objekten binne noch fuort.

"Het kan veilig"

It wie neffens direkteur Kris Callens noch de fraach oft dyselde útstalling no wol trochgean koe. "Loop je dan niet het gevaar dat de overgebleven stukken ook sneuvelen? Dan heb je niets meer. Of is het risico nu zo verkleind dat je het wel aandurft?"
"Het antwoord is dat we in goed overleg met de eigenaar van de collectie, de politie, de verzekering en met onze eigen organisatie, waar we allerlei aanpassingen hebben aangebracht - zowel aan het gebouw als aan de manier waarop we opereren -, tot de conclusie zijn gekomen dat het veilig kan."
De realiteit sjocht der foar it museum nei ferline wike moandei hiel oars út. "We zijn onze onschuld kwijtgeraakt", seit de direkteur. Oer de wearde fan it stellen guod docht er gjin útspraken, want soks dogge musea net. Dat is oan de taksateurs.
Callens tinkt dat it lestich is de stellen objekten werom te finen. Se binne werkenber, mar net unyk, It plysjeûndersyk rint noch. Dêr wol er gjin útspraken oer dwaan. Hy konsintrearret him op de kolleksje en op de nije útstallings dy't noch komme. Dêrfoar kriget it museum ek wer objekten yn brûklien. Dy yn hûs te hawwen is altyd spannend, neffens de direkteur. Mar it kin feilich.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.