Marco van der Tuin út Ryptsjerk wint Aart Koopmans Memorial nei lange solo

Marco van der Tuin fan Ryptsjerk hat de Aart Koopmans Memorial op de Weissensee wûn. Van der Tuin kaam solo oer de einstreek nei in wedstriid oer 80 kilometer.
It wie in attraktive wedstriid en in soad riders besochten fuort te kommen út it peloton. Dat wie net hiel suksesfol oant Van der Tuin it 30 kilometer foar de ein fan de wedstriid besocht. Hy sloech al fluch in gatsje fan in heale minút.
It tempo yn it peloton lei heech, mar Van der Tuin joech gjin krimp en kaam as earste oer de einstreek. Harm Visser fan De Westereen waard twadde. Jordy Harink makke it poadium kompleet.
Marco van der Tuin pakt de earste oerwinning fan syn karriêre
Van der Tuin hie noch nea earder in wedstriid wûn. "Net te leauwen. It wie echt in prachtige dei. It wie in moaie solo fan 30 kilometer. Unfoarstelber dat je dan as winner oer de streek komme."
Van der Tuin hie syn race goed yndield. "By it yngean fan de lêste kilometer wist ik dat it goed siet, dat nimmen my dizze winst mear ôfnimme soe. Geweldich", seit de rider fan Okay Fashion & Jeans.
Dat wylst Van der Tuin mei de holle eins al by de Alternative Alvestêdetocht fan woansdei siet. "We tochten: 'moai rêstich oan, de skonken goed hâlde'. Mar as je sa fuortride en je krije de kâns, dan moatte je him pakke."
Bosma krekt bûten it poadium
By de froulju gie de oerwinning nei Esther Kiel. Kiel wie de bêste út in in kopgroep fan 14 rydsters. Yn dy kopgroep siet ek Merel Bosma fan It Hearrenfean.
Bosma ried in aktive wedstriid en besocht ferskeidene kearen te ûntsnappen. It slagge har lykwols net stân te hâlden. Uteinlik kaam Bosma as fjirde oer de einstreek.
De Aart Koopmans Memorial is ferneamd nei de grûnlizzer fan de Alternative Alvestêdetocht, dy't yn 1975 foar it earst organisearre waard. Koopmans ferstoar yn 2007.
De wedstriid stie oarspronklik ôfrûne wike op it programma, mar doe koe de tocht net trochgean fanwege snie op it parkoers. Troch de coronapandemy waard de wedstriid de ôfrûne twa jier net ferriden.