Sûchbistsaakkundige Harrie Bosma speurt nei goudjakhalzen

Harrie Bosma © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
De goudjakhals is sa nij yn ús omjouwing dat der noch net iens in Fryske namme foar is. Hy lit him net gau sjen, want it is in minskeskou bist. Ferline jier seach sûchdierekspert Harrie Bosma it dier foar it earst op byld.
It is hast in jier ferlyn dat Bosma foar it earst in goudjakhals seach. Dat wie op in filmke fan in wyldkamera. It rôfdier komt fan oarsprong út de Balkan en skarrele no om yn de reidfjilden oan de kust fan de Iselmar.
De goudjakhals © Shutterstock.com (Soru Epotok)
Dêrnei hat de goudjakhals him net mear fange litten op byld. Wol is koartlyn in skiep deabiten by Ferwert. Ut DNA-ûndersyk docht bliken dat de predator in goudjakhals wie. Is dit itselde bist as dat earder omskarrele by de Iselmarkust?
Sûchdiersaakkundige Harrie Bosma kontrolearret geregeld wyldkamera's, op syk nei bylden fan de goudjakhals. Foar it radioprogramma Buro de Vries giet Klazina Hofstee mei him mei nei de reidfjilden by de Iselmar. Hat de wyldkamera wer in goudjakhals op byld fêstlein?
Op syk nei de goudjakhals
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.