Foar it earst goudjakhals yn Fryslân sjoen

Foar it earst is der in goudjakhals sjoen yn Fryslân. De beskerme hûneftige waard op 12 febrewaris sinjalearre yn De Fryske Marren.
Bylden fan Harrie Bosma, dy't it bist seach:
It is de sânde kear dat it bist sjoen is yn Nederlân en no dus foar it earst yn Fryslân, skriuwt de Zoogdiervereniging. De Fryske sûchdierekspert Harrie Bosma seach it bist yn Fryslân. Hy hat de Zoogdiervereniging frege om syn waarnimming te befêstigjen, dy komt no ta deselde konklúzje.
De goudjakhals sit kwa grutte tusken in foks en in wolf yn en yt benammen mûzen, rotten en kninen. Se binne net gefaarlik foar minsken. Graach bliuwe se út de buert fan wolven, omdat dy se as konkurrint sjogge.
Sûnt 2016 wurdt de soart yn Nederlân sjoen. Foar Fryslân is it bist al waarnaam yn Grinslân, Drinte, Gelderlân en Utrecht.