FryslânDOK 'De Joadske Brulloft' op Ynternasjonale Betinkingsdei foar de Holocaust yn Tel Aviv

Marion Coronel, André Boers en Yvette Markens yn de Pyreneeën © Omrop Fryslân
Mei de fertoaning fan de FryslânDOK-film De Joadske Brulloft wurdt tiisdei yn Israël in begjin makke mei de jierlikse ynternasjonale betinking fan de Holocaust. It is foar it earst dat de film yn Israël te sjen is.
Yn 2005 waard troch de Verenigde Naties 27 jannewaris útroppen as datum om de Ynternasjonale Betinking fan de Holocaust te hâlden. Der waard foar 27 jannewaris keazen, omdat op dy dei in 1945 de oerlibjenden fan Kamp Auschwitz befrijd waarden troch it Russische leger.
Mimi Dwinger trout yn 1939 yn Ljouwert mei Barend Boers © Omrop Fryslân
De Joadske Brulloft fertelt it ferhaal fan Barend Boers út Amsterdam en syn frou Mimi Dwinger fan Ljouwert, dy't yn WOII flechten troch Europa nei de frijheid. It wie in libbensgefaarlike reis yn 1943, midden yn de oarloch. Mear as ien kear waard it pear finzen set en drige deportaasje nei de kampen.
As troch in wûnder berikten se doch nei sân moannen Vigo yn Spanje, wê't se mei oare flechtlingen per skip nei Jamaica ûntkamen. Barend Boers nimt as lid fan de Prinses Irene Brigade yn 1944 diel oan de befrijing.

Ympakt

Yvette, André en Marion, de bern fan Barend en Mimi komme pas efter de grutte en de ympakt fan dit flechtferhaal as se nei de dea fan harren âlders in swart-wyt film fine yn in koffer mei oarlochsdokuminten. It blykt in folslein unyk dokumint te wêzen. It is it ferslach fan de brulloft yn de Ljouwerter synagoge.
It is it iennige bewegende byld fan de Joadske mienskip yn Ljouwert, dy't troch de Holocaust fan de kaart fage waard. Se skinke de film oan it Fries Film Archief fan Film in Friesland. Sjoernalist Auke Zeldenrust komt dit ferhaal op it spoar en skriuwt der in boek oer.
Yn de dokumintêre meitsje de bern deselde reis as harren âlden yn 1943. Wat se fine op ferskate lokaasjes yn Nederlân, Frankryk en Spanje fertelt in unyk en tige goed dokumintearre persoanlik flechtferhaal. "Nu dringt pas goed tot me door dat wij opgroeiden in de schaduw van de oorlog", seit André Boers.