FryslânDOK-dokumintêres oer Joadske ferhalen opnaam yn kolleksje Yad Vashem

Yad Vashem, it grutste en belangrykste museum en dokumintaasjesintrum fan de Holocaust wrâldwiid, hat tsien oeren oan Fryske dokumintêres taheakke oan harren kolleksje fan it Visual Center.
Joadske bern © Omrop Fryslân
It giet om de dokumintêres dy't FryslânDOK tusken 2017 en 2021 oer Joadske Holocaust-tema's makke hat. Yad Vashem beskikt oer tûzenen filmtitels yn alle mooglike talen en no is, foar it earst, it Frysk der by kaam, troch de ferhalen fan Joaden yn Fryslân en Fryske ûnderdukferlieners.
Israël de Vries, meiwurker fan it dokumintaasjesintrum: "Vertoning van de films gebeurt uitsluitend binnen Yad Vashem. De films zijn op speciale computers beschikbaar voor iedere bezoeker. Voor filmmakers, onderzoekers en historici als ook voor het brede publiek. Soms vinden er educatieve vertoningen voor groepen plaats onder de auspiciën van Yad Vashem."
It 'World Holocaust Rememberance Center' yn Jeruzalem dat yn 1946 oprjochte waard hat as doel de oantinkens oan de Holocaust en oan harren slachtoffers libjend te hâlden troch museäle presintaasjes en dokumintaasje. Doel fan it Visual Center is in foaroprinnende ynternasjonale filmbiblioteek oanlizze fan Holocaust cinema yn alle sjenre.
Oanlieding ta it fersyk van Yad Vashem om de dokumintêres yn harren argyf te krijen wie de draaidei foar de ôflevering fan Smokkelbern oer Louis Godschalk. Hy giet deryn nei Yad Vashem mei de Israelyske regisseur Eyal Boers en syn kameracrew. De kontakten dy't troch dizze opnamen ta stân kamen laten úteinlik ta dit fersyk.

Trije riges

It giet rûchwei om trije rigen dokumintêres. De earste is Underdûkt yn Fryslân, in rige fan trije dokumintêres út 2017 fan Gerard van der Veer. De twadde is De Joadske Brulloft, in rige fan fjouwer dokumintêres, in lange festivalfilm en in spin-off út 2018 fan Annet Huisman. En de lêste is de rige Smokkelbern fan it projekt "De terugkeer van de Joodse kinderen", in inisjatyf fan Gerard van der Veer.

Eare

"It is fansels in grutte eare dat dokumintêres fan FryslânDOK opnaam binne yn dizze wrâldferneamde kolleksje. It is dêrmei net allinnich in erkenning fan ús wurk, mar ek fan al dy Friezen fan doe dy't de moed hiene om de nekke út te stekken", seit Piter Tjeerdsma, einredakteur fan FryslânDOK.
"Dizze unike gearwurking tusken ús as makkers en sa'n wichtich ynstitút helpt om de ferhalen fan doe aktueel te hâlden. En dat is belangryk, want dizze skiednis mei nea fergetten wurde."

Belang

Gerard van der Veer, produsint en dokumintêremakker: "Dat Yad Vashem de films opnimt yn de kolleksje is foar my hiel bysûnder. Benammen ek omdat de Joadske oarlochsferhalen út Fryslân no foar de hiele wrâld makliker te finen binne. En in grut en ynteresseare publyk berikke, dat is dochs wat je graach wolle as dokumintêremakker."
Annet Huisman, dokumintêremakker: "It wiist foar my op 'e nij op it belang fan regionale ferhalen. Dat wy mei ús Fryske doku's in bydrage leverje oan de dokumintaasje fan dizze groulike skiednis is pynlik en tagelyk tige earfol."

Taal

Yn de dokumintêres wurdt Frysk, Nederlânsk, mar somtiden ek Frânsk en Spaansk sprutsen. Foar útstjoering is alles yn it Nederlânsk ûndertitele.
Om Yad Vashem de mooglikheid te jaan de films oan te bieden mei bygelyks Hebriuwske of Ingelske ûndertiteling binne ek alle ferzjes sûnder ûndertitels opnaam.
Omdat it giet om sa'n tsien oeren oan oarspronklik filmmateriaal, bringt dizze ferdûbeling it totaal oantal oeren oan film op tweintich.