Omrop TIP: Fryslân DOK oer de smokkelbern

De Fryslân DOK-searje 'Smokkelbern' fertelt yn 5 dielen de ferhalen fan Joadske bern dy't yn 1942 en 1943 fan Amsterdam nei Fryslân smokkele waarden. Hûnderten bern oerlibben sa de oarloch. Diel 1 'Teesurrogaat' is te sjen op 17 april by NPO2 en op 18 april by Omrop Fryslân.

Teesurrogaat

In fersetsgroep fan jonge studinten, ûnder lieding fan Piet Meerburg en Wouter van Zeytveld, regele de smokkelrûtes nei it noarden, it suden en letter ek it easten fan it lân. Hie in Joadsk bern donker hier, dan waard yn geheime korrespondinsje it koadewurd 'koffiesurrogaat' brûkt en giene se by foarkar nei Limburch. Blonde bern wiene 'teesurrogaat' en waarden nei Fryslân brocht. Sa foelen se net tefolle op.
Iet van Dijk en oare studinten © Jan van Dijk

Iet van Dijk

Yn diel ien it ferhaal oer de 24-jierrige studinte medisinen Iet van Dijk. Sy sleat har oan by de studintefersetsgroep yn Amsterdam. Iet van Dijk brocht yn in goed jier tiid tusken de 100 en 150 bern nei Fryslân. Meastal gong se mei de 'Jan Nieveen', de Lemmerboat dy't in feartsjinst ûnderhold tusken Amsterdam en De Lemmer. Har ferhaal wurdt ferteld yn it boek Iet, skreaun troch har neef Jan van Dijk.
Fred van Vliet as skoaljonge © Fred van Vliet

Fred van Vliet

Ien fan de bern is Fred van Vliet. Syn heit wie yn maaie 1943 oppakt. Syn mem beslút dat har jonkje fan 5 moanne âld ûnderdûke moat. Iet van Dijk smokkelet him nei Fryslân. Dêr komt er terjochte by it gesin fan Marten en Helene van Vliet yn Snits. Nei de oarloch docht bliken dat syn Joadske âlders yn Auschwitz om it libben brocht binne. Fred van Vliet bliuwt yn Fryslân. Op lettere leeftiid wurdt hy gastsprekker op skoallen.
Jack Koppels © Omrop Fryslân

Jack Koppels

Jack Koppels seach as 11-jierrige jonge yn 1942 hoe't de Joaden oppakt waarden by razzia's fan de Dútsers. Sels wist er te ûntsnappen, trochdat er altyd ûnderweis bleau op syn autopet. Hy die syn Joadestjer net op en stepte hiele dagen troch Amsterdam. Nei in skoft dûkte Jack ûnder yn Balk. Hy lústere faak nei de radio-útstjoeringen fan de BBC. De muzyk dy't hy hearde soe syn fierdere libben bepale.
Jack Koppels © Omrop Fryslân
Fryslân DOK 'Smokkelbern' diel 1 Teesurrogaat
Sneon 17 april, NPO2, 15.05 oere (werhelling 18 april 13.10 oere)
Snein 18 april, Omrop Fryslân, 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Mear ferhalen en ynterviews op 'Smokkelbern, de podcast'.
© Omrop Fryslân
'Smokkelbern' heart by it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen'. In gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.