Omrop Fryslân

Grousters bringe 24 ton ierappels flak by it front yn Oekraïne: "Wy koenen it sjitten hearre"

Frachtweinen mei in read krús
© Eigen foto
It idee kaam ferline wike: frachtweinsjauffeurs Robert Tjepkema en Wietse Draaijer woenen wat dwaan foar de minsken yn Oekraïne. Harren wurkjouwer Hoogland sit yn it feefoer en koe har sjauffeurs eins net misse, mar makke foar dizze spesjale situaasje yn útsûndering.
Yn it wykein kaam it allegearre fan'e grûn. De manlju bringe frachtweinen mei 24 ton jierappels nei Oekraïne ta. Mei help fan in oantal akkerboubedriuwen út de bouhoeke waarden jierappels sammele. In supermerk út Holwert droech by mei boadskippen, in leanbedriuw levere aggregaten.
"Wy binne krekt wer op de weromreis, Odessa leit no krekt efter ús", fertelt Wietse Draaijer. Se ha der al in rit fan 2300 kilometer op sitten. "Wy ha lost op in legerbasis en dy soargje dat it op de juste plakken komt."
It guod sil benammen yn stêden bedarje dy't ticht by it front lizze. "Under oare yn Cherson, wy ha begrepen dat Cherson noch stevich ûnder fjoer leit", seit Draaijer. "En yn de stêd Mykolajiv en omjouwing."

Tankber

Draaijer en Tjepkema fernommen dat de minsken de help goed brûke kinne. "De minsken wienen hiel tankber. Fan de manlju fan it leger krigen we in hân, en se krûpten ús oan", fertelt Draaijer. "Ik sjoch it ek oan de auto's, dy seine nei ús of ha de hân op it hert as se oan de kant steane. Sy herkenne ús oan it reade krús foar en efter op de wein."
In stikkene tank yn Oekraïne
© Eigen foto
It adres dêr't se de ierappels en it oare guod hinne brocht ha, lei ticht by it gebiet dêr't folop fochten wurdt. "Wy sieten flakby de fjoerliny. Wy koenen it sjitten hearre, dan bist der wol tichteby. Folle fierder koenen wy net, dat wie dúdlik."
Tjepkema en Draaijer bringe 24 ton ierappels nei Oekraïne

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.